Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE016 - Lytse Oege en de reus

Een sprookje (boek), vrijdag 03 december 1971

Hoofdtekst

Lytse Oege en de reus
Lytse Oege en Grutte Oege dy gongen in sânreed lâns. It wie yn 'e boskeweareld. Lytse Oege hie fan alles by him, want hy tochte, myn skonkjes binne mar koart, en dan njonken de Grutte te bokseljen, ik moat my rêde kinne. En doe fertelde Grutte Oege dan, dat der hâlde in reus yn 'e bosk ta. 'Dêr bin ik net bang foar', sei Lytse Oege, 'want dy kin my wol yn 'e bûse stekke en dan spring ik der oan 'e oare kant wer út'. Grutte Oege sei: 'Ja, pas mar op dû hast al in grut mûltsje, mar hy kin dy yn ien slach wol dwerstroch bite'. 'Dêr ha 'k ek wol wat foar, Oege', antwurde de Lytse. En Grutte Oege leaude dat, de Lytse wie snoad.
Se rûnen in ein yn 'e bosk, en dêr fûnen se sa'n dikke reus. Hy lei rjocht op 'e rêch te sliepen. 'Sille wy him ris wekker meitsje?' frege Lytse Oege. 'Ikke net' sei Grutte Oege. Mar it barde al, hy waarde wekker. Hy kaam oerein en seach as hie er al in pear op en soenen dizze twa der no oan. En Lytse Oege krige út syn bûse in pear hazzenútsjes en dy knapte er stikken en dat pitsje iet er op. Hy hie der aardich wat fan.
Doe sei de reus, dat hy woe ek wol ris sa'n nûtsje fan him ha. Mar Lytse Oege hie ek in bûsfol grintstiennen fan 'e selde gruttens as de hazzenuten, en dêr joech er him ien fan. De reus die him ûnder de kiezzen, mar hy knapte fuort in heale kies der ôf. Doe frege er, hoe't dat wie, dat Lytse Oege dy nútsjes samar bite koe. Dat hy krige hie, koe hy net bite.
Doe sei Lytse Oege: 'Wer in nijenien besykje?' Dat gong oant salang, dat de reus net in tosk noch kies mear yn syn bekje hie. En Lytse Oege dy pluze syn nútsjes mar op.
Grutte Oege stie der in eintsje ôf en dy wist net, oft er op 'e rin gean soe of noch wachtsje. Doe wie 't dan safier hinne, doe sei Lytse Oege, hy hie genôch nútsjes hân en hy hie noch in pear oer foar de reus. Doe ferslokte de reus him - hy krige sa'n grintstientsje yn 'e hals en hy waarde smoarend benaud.
Doe sei Grutte Oege: 'Dû kinst him al helpe. Dan moatst him even dyn bûsdoekje jaan, dat er dat yn 'e mûle kriget. En as er dat trochslokt, dan is er dat nútsje út 'e hals ek wol kwyt'.
Lytse Oege joech him tsjin 't sin syn lyts bûsdoekje oer. 'Dan bin 'k dat ek noch kwyt', sei er, 'as er dat opfret'.
No, de reus slokte it troch, mar doe bleau dat bûsdoekje him yn 'e hals sitten. De reus betsjutte oan Lytse Oege, dat hy moast syn stokje krije en him der in bytsje mei yn 'e hals rame. It bûsdoekje siet tsjin it stientsje oan, hy wie smoarend benaud en miskien is hy der ek yn smoard. Dat wisten Grutte Oege en Lytse Oege net, want die binne fuortgongen. 'Sjoch', sei de Lytse tsjin 'e Grutte, 'no kin jim sjen, wat ik om in reus jou'.

Onderwerp

AT 1061 - Biting the Stone    AT 1061 - Biting the Stone   

ATU 1061 - Biting a Stone to Pieces.    ATU 1061 - Biting a Stone to Pieces.   

Beschrijving

Kleinoog en Grootoog lopen in het bos. Ze komen een slapende reus tegen die wakker wordt als ze bij hem staan. Kleinoog heeft zowel hazelnoten als kiezelstenen in zijn zak zitten. Af en toe eet hij een noot op. De reus ziet dat en vraagt of hij ook een noot mag. Zonder dat hij het merkt krijgt hij een steentje, dat hem een kies kost. Hij begrijpt niet dat Kleinoog niets breekt. Hij probeert het nog een paar keer, totdat zijn gebit totaal geruïneerd is. Dan verslikt de reus zich in een steentje, waarop Kleinoog hem een zakdoek geeft die hij moet doorslikken zodat het steentje uit zijn keel verdwijnt. Maar de zakdoek blijft in de keel van de reus zitten zodat hij het heel erg benauwd krijgt. Kleinoog en Grootoog gaan er vandoor en weten niet of de reus gestikt is.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 32

Motief

K63 - Contest in biting a stone.    K63 - Contest in biting a stone.   

Commentaar

3 december 1971
Biting the Stone

Naam Overig in Tekst

Lytse Oege    Lytse Oege   

Grutte Oege    Grutte Oege   

[Kleinoog    [Kleinoog   

Grootoog]    Grootoog]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20