Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE032 - De trije winsken

Een sprookje (boek), vrijdag 21 april 1972

Hoofdtekst

De trije winsken
It wie yn 'e krappe tiid en doe hienen in man en frou it tige earmoedich. Op in kear sieten se by de itenstafel, dêr't sawat neat op stie, en doe sei de iene tsjin 'e oare: 'Ik ha al ris heard, dat it in inkelde kear foarkomt, dat men winsken dwaan mei en dat men dan samar fan alles hat'. Ja, dat soe dan wol sa wêze, mar dêrmei hienen sy it noch net.
Lykwols, de oare deis samar ynienen wie dêr in frommiske, en dy sei: 'Jim meie trije winsken dwaan, mar beried jim earst goed'.
No, de man soe dan mar earst in winsk dwaan en hy sei: 'Ik woe wol, dat der altyd fol-op wurk foar my wie, dat ik yn 'e fertsjinst bliuwe koe'.
'Do grutte omkoalle', rôp it minske, 'do hiest ommers wol folle mear tagelyk winskje kinnen! Hoe komst der by - no moatst der ek noch foar arbeidzje!'
'Doch do dan in winsk', antwurde de man. Se prakkesearde ris, mar koe net folle betinke. Op 't lêst sei se: 'Ik woe wol, dat ik oerdei ris in hiele lekkere woarst by 't iten hie'. Se hie it amper sein of dêr lei in lekkere woarst yn 'e panne. Doe sei de man: 'Mar do bist ek net folle better as ik - do hiest folle mear winskje moatten. Ik woe wol, dat dy woarst dy oan 'e noas hong'. En ynienen, floep, dêr sprong de woarst út 'e panne en hong it minske oan 'e noas. En noait koe se him der wer ôf krije.
'Ja', sei it frjemde minske, 'no ha jim krekt safolle winsken dien as jim dwaan mochten'. Mar dy twa lamentearren krektsalang, dat se sei: 'Fuort mar, noch ien winsk'. Doe siet der oars net op as dat de frou winske, dat de woarst wer fan har noas ôfgong.

Onderwerp

ATU 0750A - The Three Wishes    ATU 0750A - The Three Wishes   

Beschrijving

Een echtpaar zit aan tafel. Het gesprek gaat over het doen van wensen. Dan verschijnt er plotseling een vrouwtje, dat tegen hen zegt dat ze drie wensen mogen doen. De man weet al een wens. Hij wenst dat er altijd volop werk voor hem is, zodat hij altijd kan blijven verdienen. Zijn vrouw verklaart hem voor gek met zo'n armzalige wens: hij had veel meer kunnen wensen, en nu wenst hij alleen maar inkomsten waar hij hard voor moet werken. Maar de vrouw verknoeit haar wens ook: ze wenst dat zij een worst bij het eten heeft. Nu is het de beurt aan de man om op de vrouw te mopperen, en hij wenst dat de worst aan haar neus komt te hangen. Wat de vrouw ook probeert, de worst blijft aan haar neus zitten. Het vrouwtje staat het echtpaar nog een extra wens toe. De vrouw wenst dat de worst van haar neus afgaat.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 52

Motief

J2071 - Three foolish wishes.    J2071 - Three foolish wishes.   

Commentaar

21 april 1972
The Wishes

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20