Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE037 - Net freegje!

Een sprookje (boek), woensdag 16 februari 1977

Hoofdtekst

Net freegje!
Op in stien by in hiel âlde hutte siet in jonkje fan in jier of tolve. Yn 'e hannen hie er in sulveren tabaksdoaze mei in gouden munt der yn. Hy hie krekt syn beppe, dêr't er by grutbrocht wie, op it hôf brocht en no hie er gjin minske mear op 'e wrâld. Miskien wie der earne noch wol famylje, mar hy wist net wêre.
Hy beseach it goudstik. De tabaksdoaze en de munt wienen it iennichste fan wearde dat er besiet. Beppe hie altiten sein: 'Dy bliuwt foar dy lizzen, yn dizze sulveren tabaksdoaze. Dit goudstik is foar dy. Dat sille wy net brûke. It komt noch fan jim pake, en jim pake hat it alear tige bêst hân'. Hy wie in Iyts jonkje en hy koe him dat allegear net begripe. Hy hie der better op ynfreegje moatten, mar dêr wie it no te let ta. Syn heit hie er noait kennen en syn mem wie mei syn berte stoarn. Op har stjêrbed hie beppe him grif noch mear fertelle sillen. 'Dat grutte hûs!' hie se sein, 'dat grutte hûs!' mar doe hie se net mear útbringe kinnen.
Wylst er dêr sa op dy stien siet te prakkesearjen, de doaze noch yn 'e hân, kaam der in man oan dy't er net koe. Ja, dy doaze! tocht er, en hy treau him gau yn 'e bûse.
De man frege him, wêrom't hy dêr sa ferwezen hinne siet, en de jonge fertelde him, dat er syn beppe begroeven hie. 'Do kinst hjir net sitten bliuwe', sei de man, 'kom mar mei, mar dan moatst my neat freegje. Wy geane op reis'. De jonge woe wol witte, wêr't se hinne gongen, mar hy doarst it net freegje. Mei de hân hâlde er de tabaksdoaze yn 'e bûse stiif beet, en ûnder it rinnen hearde er no en dan it goudstik yn 'e doaze rammeljen.
Se rûnen in hiel ein en doe kamen se by in grut hûs, dêr't se om iten fregen en om ûnderkommen foar de nacht. Se waarden freonlik ynhelle en krigen wat se begearden, it hoegde net better.
De oare moarnes wienen se yntiids wekker en se woenen fierder. Doe stie dêr in gouden beker te pronk yn 'e hûs. De frjemde man stie op 'e sprong om fuort—sa'n grutte mantel hie er oan—en doe krige er de gouden beker en dy ferburch er ûnder 'e mantel en sa sette er fuort.
Dat fûn de jonge tige raar. 'Mar man!' begûn er — Iykwols, doe sei de man: 'Net freegje! Moatst meikomme'.
Se rûnen de hiele dei en op 'e jûn kamen se wer by in grut hûs. Se gongen nei de doar en doe kaam der in frommis foar. Sa en sa: 'Wy wolle graach wat iten ha en wy wolle graach oernachtsje'. It frommis gong werom en de jonge tocht, it sil wol goed wêze, mar hja kaam werom mei in grouwe hûn — se mochten der net yn en krigen neat. Dêr stiene se en it waar waard min, it begûn te reinen dat it easde. De man rûn net fier; hy strúnde om dat grutte hûs en doe fûn er dêrefter in rûm hok; der wienen bargen yn, mar der lei ek in bult strie en dêr joegen se har yn del.
De oare moarnes wienen se wer yntiids wekker en de man sei: 'Wy moatte fierder'. En yn it fuortgean rûnen se efter it hûs lâns en doe stie dêr in kokensfinster of in oar finster iepen. De man helle de gouden beker ûnder syn mantel wei en dy sette er dêr troch dat finster yn 'e hûs del. De jonge wist net, wat hy der oan hie, en soe wer begjinne, mar de man sei: 'Stil! Net freegje!'
Wer rûnen se de hiele dei en de jûnes kamen se by in tige Iyts hûske. Dêr wennen in pear âlde minsken yn. Se kloppen oan: 'Ha jim ek wat iten foar ús en ûnderdak foar de nacht?' Gol en freonlik waarden se ynnoege. De âlde minsken seinen: 'Folle ha wy net, mar wy sille alles meiïnoar parte'. Doe hienen se apels op 'e tafel en geitemolke en se mochten oanfalle. De apels wienen fan har eigen beam en de molke wie fan har geit. Mei de slieperij wie it behelpen, mar se slepten der lekker.
De oare moarnes rekken se der wer yntiids ôf. En doe gong dy man hinne en kapje yn dy beam, dat er deagean moast, en hy snie de geit de hals út. Dat gong it j onkj e troch alles hinne, want it wie in gru tte bistefreon, m ar hy bedim me him, d at er net frege.
Se gongen fierder en doe kamen se by in brêge. Op dy brêge sei de man: 'En no sil ik dy fertelle, wêrsto eigentlik om freegje woeste'. En doe begûn er.
'Dy gouden beker moast ik meinimme. Hy is troch in tafal by dy minsken te lâne kommen, mar it is in beker dêr't ûngelokken mei barre. Hy set de minsken oan ta kweade dieden, en dy't der út drinke geane dea, want der sit fergif yn. Dêr woe ik dy bêste minsken dêr't ik him weinommen ha foar bewarje. En dat oare grutte hûs, dêr't ik de beker delset ha, dêr moast wat barre. Dy grutte húshâlding kin net fierder libje, dêr kamen freeslike dingen út fuort. Dat moat ophâlde'.
'Jamar, dy earme âlde minsken . . .' sei de jonge.
'De man sil in nije beam plantsje. Dêr makket er in gat foar yn 'e grûn en dan fynt er in skat en se hawwe it fierder har hiele libben rûm'.
It jonkje wie noch net foldien: 'Mar wêrom moast dy earme geit dan dea?'
'Dy geit moast dêrwei. Hy sit oan 't spit. Dan komt er by it gat dat de man makket en dêr raamt er him dea. Dat mei net'.
De jonge soe der noch wat tsjinyn lizze, mar ynienen wie de man fuort. De jonge die in stap foarút, en doe tocht er: Och hea, dy doaze! Want hy hearde it goudstik net mear rammeljen. Hy helle de doaze ta de bûse út, mar hy liet him hast falle. sa woech dy der yn. Hy siet oan 'e kop ta fol mei krekt sokke goudstikken as der tefoaren ien yn sitten hie.
De jonge gong fierder en doe seach er dêr in hûske stean, net folle better as syn beppe harres. Dan moat ik dêr mar yn, tocht er. Hy rûn der hinne en doe trof er dêr in fanke oan. Dy siet der like raar foar as hy, want har beppe wie ek stoarn. Dêr bleau er en mei de tiid waarden se man en wiif. Fan de goudstikken koe er lân keapje, dat foar wyld lei. Dat makke er oan en njonkenlytsen waard er in fikse boer.

Mar doe op in kear kaam der in notaris. Yn it grutte hûs dêr't de frjemdling de beker delset hie wie de hiele hûshâlding stoarn. Troch dy beker. En de man fan dat hûs hie de jonge syn heit west. Syn mem hie dêr as faam tsjinne en hy wie in oerwinneling fan dy man, mar dy hie neat mear fan de faam witte wollen en se wie mei skande fuortjage. Dat hie beppe him fertelle wollen, doe't se sei: 'Dat grutte hûs . . .' Der hie al wat fan beskreaun stien en no't dy keardel en syn hiele húshâlding dea wienen, wie hy de iennige erfgenaam.
Sa kamen se dêr yn dat grutte hûs te wenjen. Dêr wie ek allegear folk. En doe hat er dy minsken in wike lang in djip gat grave litten en dêr sels de gouden beker yn bruid. It gat is ticht smiten en hja hawwe der in swiere stien op lein, dat dy beker mar noait wer boppe komme soe.

Onderwerp

AT 0759 - God's Justice Vindicated    AT 0759 - God's Justice Vindicated   

ATU 0759 - Angel and Hermit    ATU 0759 - Angel and Hermit   

Beschrijving

Een jongen blijft alleen achter als zijn grootmoeder is overleden. Voordat ze sterft, geeft zij hem een zilveren tabaksdoos met daarin een goudstuk. Als er een man langskomt, gaat de jongen met hem mee op reis, maar hij mag hem niets vragen. Ze komen bij een groot huis, waar ze onderdak krijgen. De volgende morgen steelt de man een gouden beker. Bij een ander groot huis worden ze niet binnengelaten. Ze overnachten in een groot hok. Bij het krieken van de dag gaan ze verder, maar voordat ze op pad gaan laat de man de gouden beker achter in het huis. Aan het einde van de dag kloppen ze aan bij een klein huisje. Twee oude mensen laten hen binnen. Ook nu weer staan de jongen en de man vroeg op om hun weg te vervolgen. Maar eerst kapt de man een boom en snijdt de keel door van de geit. En dan eindelijk legt de man uit waarom hij bepaalde dingen deed. De gouden beker bevatte gif en op de plaats waar een nieuwe boom zal worden geplant, ligt een schat begraven. De geit moest dood, omdat hij anders degene die het gat stond te graven dood zou stoten. Als de jongen meer wil weten, is de man plotseling verdwenen. Zijn tabaksdoos zit vol goudstukken. Hij gaat alleen verder en komt bij een huis terecht, waar hij een meisje aantreft. Met haar trouwt hij. De jongen erft het huis, waar iedereen van de gouden beker heeft gedronken.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 59

Commentaar

16 februari 1977
God's Justice Vindicated

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20