Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE054 - Filemon en de duvel

Een sprookje (boek), woensdag 01 december 1971

Hoofdtekst

Filemon en de duvel
Filemon dat wie in man, dy joech nearne om. En dat hie er op syn buordsje stean: Der wie net ien op 'e hiele wrald dy't him op 'e proef stelle koe en der wie ek net ien dy't him skea dwaan koe.
Mar doe kaam de duvel by him en dy woe him wol keapje. Dat koe wol, sei Filemon, mar hy hie trije begearten en der moast de duvel dan oan foldwaan. Yn 'e earste pleats woe er noch tuzen jier libje. 'Dat is goed', sei de duvel.
De twadde begearte wie, sei Filemon, hy wie in leafhawwer fan praten en as er in prater hie dan gong dy nei syn sin ornaris fiersten te gau wer fuort. 'En no haw ik in stoel mei in kessen', sei er, 'en ik wol hawwe, dat dejinge dy't der op sitten giet der bûten my noait wer of komme kin'. 'Dat is ek goed', sei de duvel.
Doe de tredde begearte. 'En dan haw ik in beam mei lekkere parren en dy parren untstelle se my altiten. Mar de earste de beste dy't oan dy parren komt moat der buten my noait wer af komme kinne'. 'Dat is ek al wer goed', sei de duvel. It akkoart waard sluten, de duvel joech him of en Filemon seach him noait wer.
Hy libbe fleurich fierder, mar de tuzen jier fleagen foarby en doe kaam de duvel wer en sei tsjin him: 'De tiid is om, en no mar fuort!' 'Jonge ja', antwurde Filemon, 'dat moat weze, want ik ha myn nocht hjir ek'. Se praten sa wat hinne en wer en doe sei Filemon: 'Kom, ik sil my klearmeitsje—gean hjir salang mar efkes sitten'. En hy wiisde him de stoel mei it kessen.
Der siet de duvel en Filemon makke neat gjin rislewaasje. 'Meitsje wat oan!' gebea him de duvel, mar Filemon lake him ut. De duvel soe oerein, mar hy siet bun en Filemon liet him der moai wat sitte. 'Ik moat fuort!' rop de duvel, 'lit my los!' 'Dan wol ik noch tuzen jier libje!' wie it antwurd. 'Dat moat dan mar,' sei de duvel, hy koe net oars.
Filemon libbe fleurich fierder, mar ek dy twadde tuzen jier fleagen foarby. En doe tocht de duvel, no untkomt Filemon my net wer. 'Jo moatte mei!' sei er tsjin him. 'Ik bin ree, hear', wie it antwurd, 'ik wol hjir no wol wei'. Se makken har klear en se wienen al op it paadsje njonken de parrebeam. De parren wienen al ryp. 'Jonge', sei Filemon, 'wy krije us earst elk noch efkes in par'. No, de duvel stiek de han ut, hy prakkesearre nearne oer. Mar mei siet er fest en Filemon sei: 'Ja jonge, no ha 'k dy wer. Sitten bliuwe!' 'Jamar', sei de duvel, 'ik moat der wer of'. 'Dan wol ik noch in winsk dwaan. Ik wol wer tuzen jier libje'.
Dat moast dan ek mar wer en Filemon libbe noch ris tuzen jier.
Mar doe't ek dy tuzen jier om wienen en de duvel him helje woe, doe hie dy der al op rekkene, dat Filemon net benei te kommen weze soe. En doe hat er him deasketten mei pile en boge.

Onderwerp

AT 0330 - The smith outwits the devil    AT 0330 - The smith outwits the devil   

ATU 0330 - The Smith and the Devil    ATU 0330 - The Smith and the Devil   

Beschrijving

Een man is ervan overtuigd dat niemand hem op de proef kan stellen en dat niemand hem schade kan berokkenen. Hij krijgt van de duivel in ruil voor zijn ziel: nog duizend jaar te leven, een stoel waar niemand uit kan komen en een perenboom waar niemand los van kan komen. De man leeft vrolijk verder, totdat de duizend jaar voorbij zijn en de duivel verschijnt om hem mee te nemen. De man maakt zich klaar en de duivel gaat ondertussen in de stoel zitten. De man laat hem pas gaan als hij nog eens duizend jaar mag leven. Na weer een millennium komt de duivel terug om de man te halen. Ditmaal blijft de duivel bij het peren plukken aan de boom vastzitten. De man laat hem pas weer gaan als hij nog een keer duizend jaar mag leven. De duivel stemt in. Als de duivel opnieuw terugkeert, schiet hij de man meteen neer met pijl en boog.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 77

Commentaar

1 december 1971 & 8 februari 1972
The Smith Outwits the Devil

Naam Overig in Tekst

Filemon    Filemon   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20