Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE056 - De duvel te'n anker yn'e Noardsee

Een sprookje (boek), woensdag 22 augustus 1973

Hoofdtekst

De duvel te'n anker yn 'e Noardsee
Wy leinen ris te Delfsyl yn 'e haven. Dêr fertelde myn skipper, it wie in Fries, dat er nearne bang fan wie, sels fan 'e duvel net. 'Mar ja', kaam de skipper der fuort oerhinne, 'dat hoecht eigentlik ek net mear, want de duvel leit te'n anker yn 'e Noardsee'. 'No, dat is ek wol wat', sei ik. 'Ja', sei er, 'ik sil 't even fertelle, hoe't dat kommen is'. En doe folge dan it ferhaal.
Der wie ris in skipper, dy hie altyd mar sin oan in oar skip, mar hy hie gjin sinten. Doe kaam der ris in mantsje by him. De skipper koe him net, mar letter die bliken, it wie de Boaze. Dy sei tsjin him: 'Jo ha sin oan in skip. Dêr kin ik jo oan helpe. Mar... dêr komt al wat by—mei san jier kom ik wer by jo. Jo jouwe my in stik wurk op: kin ik dat dwaan, dan binne jo ktar my; kin ik it net dwaan. dan binne jo fan my ôf'.
De skipper prakkesearre ris. It is al wat gefaarlik, tocht him, want wat soe de duvel nét kinne? Mar hy prakkesearre noch even, en njonkenlytsen, hy sei: 'It giet mar los'.
De skipper foer mei syn nij skip en it foldie him mar skoan. De sân jier tleagen om, en dêr stie de duvel al op 'e wâlskant. 'Kom mar by my oan board', rôp de skipper, 'ik set de túch der op en wy sile de Noardsee op. Ik bin by 't roer, jo gean by 't anker. Rop ik dan: Los ankertou! dan litte jo it los en jo moatte yn 'e flecht wei it skip oan it ankertou hâlde kinne'.
No, de duvel sei: 'Dat wurdt wat!'
Los! Begjinne! Mar doe't se goed ûnder túch wienen—der stie in aardich koeltsje en it skip hie de gong der omraak yn—doe rôp de skipper: 'Los, duvel!' De duvel liet it anker los, mar der wie gjin halden oan, dat hysels skeat mei troch de klûs.
'Do hoechst', sei de skipper tsjin my, 'gjin sier mear bang te wêzen foar de duvel —hy leit dêrearne yn 'e Noardsee te'n anker'.

Onderwerp

AT 1179* - The Devil Holds the Ship Fast    AT 1179* - The Devil Holds the Ship Fast   

ATU 1179 - The Devil on the Ship    ATU 1179 - The Devil on the Ship   

Beschrijving

Een kapitein, verkoopt in ruil voor een schip zijn ziel aan de duivel, die als man bij hem komt. Hij zal zijn ziel niet kwijtraken als hij hem een onuitvoerbare opdracht geven kan. Hij beveelt de duivel met het anker achter het schip aan te lopen en dit, zodra de kapitein hem dat opdraagt, het anker te laten vallen en het dan te houden. Dit lukt de duivel niet en hij wordt door het ankergat getrokken.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p.78-79

Commentaar

22 augustus 1973
The Devil Holds the Ship Fast

Naam Overig in Tekst

Delfsyl    Delfsyl   

Naam Locatie in Tekst

Delfzijl    Delfzijl   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20