Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000605

Een sage (mondeling), 1963 - 1966

Hoofdtekst

Heit syn famylje dat wie séfolk. Se wennen yn Oerterp.
Dêr stiet noch in hûs, dêr't se yn wenne ha, mei in anker der yn. Yn 'e muorre is dat mitsele. Dat hûs ha se restaurearre.
Op in kear wienen se op sé. Dêr kom in moai skip oan dat hiel hurd farde, hwant it hie gjin lading. It wienen rovers. Dy woenen it oare skip mei alle hebben en hâlden ha. Mar de kaptein hie fan to foaren al oarders jown oan syn folk. Sy hienen de kanonnen fol dien mei skerp spul, lyk as spikers, glês ensa. En dêr boven op in toppe krûd.
Doe't it roverskip by har op side wie, sei de kaptein: Los! En doe rekke dêr op dat roverskip alles kapot, hwant it gong op in sjitten. Touwen noch seilen, neat bleau der hiel. Sy koenen net mear farre.
Sa hie de kaptein syn eigen skip ret.

Beschrijving

Huis met anker in de muur gemetseld. Strijd met kaperschip die gewonnen wordt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 6, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

circa 1965

Naam Locatie in Tekst

Oerterp    Oerterp   

Ureterp    Ureterp   

Plaats van Handelen

Ureterp    Ureterp   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21