Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001911

Een mop (mondeling), maandag 07 maart 1966

Hoofdtekst

Japik Ingberts wie ris mei in maet oan 't stellen. Sy wienen by in boer yn 'e molkenkelder. Dêr hearden se ynienen ûnrie. De iene naeide hurd út, mar Japik Ingberts bleau dêr en krige gau in pear tsizen, dy't er oan kant sette. In stok hied er yn 'e hân. Wylst de boer der ynkom rôp Japik: "Ik sil mei dy ôfweve, dû greate dief datste biste, hjir it spul to stellen." En hy sloech mar mei de stok op 'e sabeare dief. De boer wie forbaesd en sei: "Hwat hat dit hjir to bitsjutten?"
"Hjir wie in dief", sei Japik Ingberts. "Ik kom hjir lâns en doe fornom ik him. Mar ik ha him hjir wei bruid. Mei dizze stok."
De boer wie him tankber. Doe't Japik Ingberts fuort gong nom er de tsizen, dy't er weistoppe hie, yn 'e rin mei.

Onderwerp

VDK 1525Z* 10 - Japik Ingberts steelt met een collega kazen 2    VDK 1525Z* 10 - Japik Ingberts steelt met een collega kazen 2   

Beschrijving

Als Japik Ingberts bijna betrapt wordt bij het stelen van kazen, doet hij alsof hij net een dief heeft verjaagd. Als hij weggaat, neemt hij alsnog de kazen mee.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 19, verhaal 11

Commentaar

7 maart 1966
Japik Ingberts steelt met een collega kazen 2.

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21