Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

VODA_014_06 - De Fyts

Een mop (mondeling), juli 1976

Hoofdtekst

[mannenstem op achtergrond] De fyts

Münchhausen ried op it hynder en Jan Hepkes op 'e transportfyts. Dy fyts dat wie in mirakel - hy kóé syn baes. As Jan der oan kaem, bigoun de fyts al to skodzjen.

Op in kear koft Jan kninen by in boer, in ein bûten it Surhústerfean. De sek mei kninen oer 't skouder roun er pratendewei mei de boer op nei it Fean. Se wiene in stik hinne oan it doarp ta, doe rôp Jan ynienen: ‘Potfordikke, nou moat 'k werom! Ik ha de fyts by jo oan 'e skuorside stean litten’. ‘Dat is ek hwat, it is in hiel ein’. ‘Ho, né’, sei Jan, ‘it kin ek oars. Ik hoopje, ik hóópje dat er my heart!’ ‘Hoe bidoele jo?’ ‘Sjoch, ik ha him dresseard. Hy ken myn fluitsje presys; as der my heart, dan komt er, mar ik bin der net wis fan dat ik him hjirwei bifluitsje kin’. Jan stiek twa fingers yn 'e mûle, hy fluite en hy fluite. Doe skreaude er: ‘Nei hûs, siz ik dy, nei hûs!’ ‘Wy sille it bêste der mar fan hoopje’, sei er tsjin 'e boer, ‘yn alle gefallen, wy rinne mar troch’. Doe't se by Feike-draei kamen, sei Jan: ‘Gean even mei, ik wol daelk mei jo ôfrekkenje’. En doe kamen se efterhûs. ‘Sjoch’, sei Jan, ‘dêr stiet de fyts al. Hy hat my wol heard!’.

As meik- as men Jan leauwe woe, dan wie it alderforskuorrendst, hoe't er fytse koe. Hy ried leafst mei in dracht fellen op 'e beide pakjedragers en dan yn in stive wyn op, hwant dat joech hwat stevichheit oan 't boarst.
Foar de wyn del, dan koe er tsjin in tongerbui fytse. Hy kaem ris fan Gerkes-kleaster mei fellen. Doe't er op Blaufallaet wie, wie de loft swart, it wjerljochte en it tongere dat it hwat die en de earste druppen foelen ‘m op 'e efterste spatskerm. ‘Ik seach om’, sei Jan, ‘ik seach noch ris om en ik sette de fuotten goed op 'e trapers. Ik moast noch in moai ein, oer Surhuzum, troch Koartwâld en oer Dellen en sa nei 't boppe-ein fan 't Fean. Ik seach wer om, en efter my wie de weareld wyt fan reinwetter. Dikke druppen kletsten efter my op 'e eh spatskerm, de hoksen rekken ek hwat bislingere en ik krige in flutske yn 'e klompen, mar fierder bleau ik droech. Ik skeat om 't hûs hinne, en ik wie mar krekt binnendoar of dêr spielde 't hinne. Dou bist ynein, sei Tsjits. Ik sei: Ja, ik swit as 't moundersfolk, mar ik koe de bui foarbliuwe. Kom mar mei, sei 'k tsjin- tsjinTsjits, hwant dy woe 't net leauwe. De efterste bân wie dweiltrochwiet en de foarste koarkdroech’.

Sa moat er ek ris droech by de kastlein yn 'e tapkeamer kommen wêze, mei itselde forhael. Mar doe kaem er hielendal net fan bûten - hy hie boppe mei de kastlein syn dochter lein to frijen.

Onderwerp

VDK 1967* - De bui voorgebleven    VDK 1967* - De bui voorgebleven   

Beschrijving

Jan Hepkes rijdt zo hard dat hij de regen voorblijft. De fiets komt als hij fluit.

Bron

Radio-uitzending Vonken onder de As (NOS)

Commentaar

Ype Poortinga leest deze selectie uit het verhaal 'De Fyts' voor uit 'De Ring fan it Ljocht' (p. 384-385) met minieme wijzigingen. Hij leest voor in het Kleifries.

Naam Overig in Tekst

von Münchhausen    von Münchhausen   

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Naam Locatie in Tekst

Zuidhuisterveen    Zuidhuisterveen   

Feikedraai    Feikedraai   

Gerkesklooster    Gerkesklooster   

Gerkeskleaster    Gerkeskleaster   

Blauwverlaat    Blauwverlaat   

Surhuizum    Surhuizum   

Surhuzum (Surhuizum)    Surhuzum (Surhuizum)   

Surhuzum [Surhuizum]    Surhuzum [Surhuizum]   

Kortwoude    Kortwoude   

Koartwâld    Koartwâld   

De Dellen    De Dellen   

Plaats van Handelen

Zuidhuisterveen    Zuidhuisterveen   

Gerkesklooster    Gerkesklooster   

Blauwverlaat    Blauwverlaat   

Feikedraai    Feikedraai   

Surhuizum    Surhuizum   

Kortwoude    Kortwoude   

De Dellen    De Dellen