Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE156 - Jabik Ingberts

Een sage (boek), dinsdag 12 december 1978

Hoofdtekst

Jabik Ingberts
Us pake fertelde dit ferhaal fan Jabik Ingberts, de masterdief, mar it soe fansels ek wol fan in oarenien ferteld wurde kinne. Jabik rûn in kear troch de stêd, troch Ljouwert, en doe kaam er in moaie winkel foarby mei o sokke djoere damesjurken. Dat wie oan 'e iene kant fan 'e yngong, en oan'e oare kant wie goud en sulverguod te keap, sieraden dy't op dy jurken pasten. Jabik sloech it spul goed acht, hy seach wol, dat dêr tige deftige dames yn stapten. Dit is trewis, tocht er, mar hy wachte oant it sluterstiid wie.
Doe't de lêste winkeljuffer der út gong, stapte Jabik Ingberts der meiien yn. De eigener wie dwaande mei it jild te tellen dat se dy deis ynbard hienen. Hy seach efkes op. 'Jo binne te let, mynhear, de winkel is al sluten'. 'Ja', sei Jabik, 'mar it is wat in eigenaardich gefal mei my. Sjoch, ik bin krekt werom út Amearika. Ik haw mear as in healjier fan hûs west, en no is it moarn de frou har jierdei. Ik ha noch gjin gelegenheid hân om in goed presint foar har te keapjen. No sjoch ik hjir fan dy prachtich moaie jurken. Soe 'k der noch net ien fan krije kinne?' 'Ik soe jo wol te wille wêze wolle, mar witte jo de mjitte?' 'Nee', sei Jabik, 'mar ik ha jo ris rjocht op en del oansjoen. Ik soe wol sizze, jo hawwe krekt it postuer fan myn frou. Like grut en like breed, boppe en ûnder. Ja, it heart miskien wat healwiis, mar soenen jo sa'n jurk net ris passe wolle?''It moat net raarder', sei de keapman, 'dat ha 'k fan myn libben noch noait dien. Nee, nee, it moat mar net'. 'Dat muoit my', sei Jabik, 'om it jild hoecht it net oer te gean. En dan woe 'k der ynienen ek mar in knap gouden sieraad op ha'. 'No, fuort dan mar', sei de keapman, 'it is my winliken te gek, mar ik doch it!'
Hawar, tegearre sochten se in prachtige, djoere jurk út en de man loek him oan. Jabik socht der in kostbere doekspjeld by en hâlde him de man foar't boarst. Doe lei er him by 't jild en by oare sieraden dêr't er op syn manier niget oan hie op 'e toanbank. Efter yn 'e winkel seach er noch huodden. Hy wiisde ien oan. 'Soenen jo sa'nien ek noch even opsette wolle?'Doe't de lêste kielbân fêstmakke wie, graaide Jabik in protte jild fan 'e toanbank en út it laad en de sieraden ferdwûnen ek yn syn bûsen. Dêr hie er fansels knaphandich de slach fan, dat ear't de keapman 'Ho, ho, wat moat dat!' roppe koe, wie Jabik al by de winkelsdoar. De keapman sette him efternei, mar grypte earst noch gau in grutte skjirre fan 'e toanbank. Jabik wie al bûtendoar en de keapman kaam him efternei, mar dat fleach net sa hurd; hy trape himsels altemets op 'e seame fan syn lange jûpe, it spande der oan om op fuotten te bliuwen. 'Hâld dy dief, hâld dy dief, skreaude er.
Der wienen al guon, dy soenen Jabik keare, mar dy rôp: 'Lit my los! Der sit in gek efter my oan. Hâld dy keardel—hy docht my dea mei dy grutte skjirre!' Doe't de keapman noch in meter of wat fan him ôf wie, lieten se Jabik troch. De keapman stode de Iju foarby, de rokken yn 'e iene hân en de skjirre foarútstutsen yn 'e oare, de loaze einen fan'e kielbannen wynderen him om 'e holle. 'Hâld de dief, hâld de dief!' rôp er al wer, en in polysjeman, dy't krekt om 'e hoeke kaem, pakte Jabik Ingberts yn 't boarst. Mar Jabik hime: 'Man, help my asjeblyft. Sjoch dan, wat efter my oan sit!' De polysje seach de keapman, alles floddere om him hinne, it like need. 'Dy keardel is stapelgek—kear him doch', sei Jabik noch. De polysje seach de grutte skjirre en tocht, ja hjir komme ûngelokken fan. Hy liet Jabik los en heinde de keapman op. Ear't dy alles útlein hie, wie Jabik mei syn bút de poarte al út.

Onderwerp

VDK 1525Z    VDK 1525Z   

Beschrijving

Jabik Ingberts, de meesterdief, gaat op een avond een winkel in Leeuwarden binnen om een jurk voor zijn vrouw te kopen. Hij vraagt de verkoper of deze de jurk wil passen, aangezien hij hetzelfde postuur heeft als Jabiks vrouw. De verkoper stemt uiteindelijk toe en trekt de jurk aan. Op dat moment gaat Jabik er vandoor met het geld uit de kassa en een aantal dure sieraden van de toonbank. Gehinderd door de jurk gaat de verkoper achter hem aan met een schaar in zijn hand. Een politieman houdt Jabik tegen, maar deze weet hem ervan te overtuigen dat er een gek achter hem aan zit. De agent gelooft Jabik en laat hem gaan.

Bron

Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 164

Commentaar

12 december 1978
Dit verhaal komt overeen met de 16e variant die Van der Kooi in zijn typencatalogus geeft aan nummer VDK1525Z. Deze variant is getiteld "De achtervolging met de schaar".
De Japik Ingberts-cyclus

Naam Overig in Tekst

Jabik Ingberts    Jabik Ingberts   

Amearika [Amerika    Amearika [Amerika   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert [Leeuwarden]    Ljouwert [Leeuwarden]   

V.S.    V.S.   

U.S.A    U.S.A   

Verenigde Staten]    Verenigde Staten]   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20