Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE262 - Dit is myn lap

Een sprookje (boek), maandag 21 februari 1972

Hoofdtekst

Dit is myn lap
Der wie ris in jonge bidler, dy skrepte om 'e dochter fan in boer. Der siet wol slinger oan 'e fint, dat dy faam krige smjucht op him. Sadwaandekaam er dêr wol gauris oan 'e doar. Njonkenlytsen krige de boer erch yn wat der geande wie. Dat stie him lang net oan. Ik wol net ha, datsto mei myn dochter trouste, tocht er, dêr moat ik in skoatteltsje foar strike.
Op in kear treft er dy bidler justjes bûten de stêd en hy sprekt him oan. Hy seit: 'Do bist dwaande om myn dochter, h'n? Mar ik sil dy fuort mar sizze, do hoechst net in poat wer by my op 't hiem te setten. Myn dochter hat jild en do bist in earme lusangel. Ik wol net ha, dat myn dochter sa'n neakene sweal kriget'.
Se rûnen fan 'e stêd ôf en se wienen op 't romme fjild kommen. Doe antwurde de bidler: 'Dat sizze jo no wol, boer, mar jo witte fansels fan neat. Binne jo mei myn omstannichheden op 'e hichte?'
Se rûnen noch in eintsje en doe sei de bidler: 'Sjoch boer, no moatte jo mar ris goed om jo hinne sjen!' Hy tilde de earm op, de kant út dêr't gâns in hoeke lân lei. 'Sjoch', sei er, 'dit is myn lap!' en hy sloech mei de earm—of hy liet de earm falle— op in plak dêr't krekt in lape yn syn broek siet. Dat wie net sa'n grutte kunst, want der sieten wol fiif lapen op, en net sokke Iytse. Hy tilde de oare earm op: 'En dêr ha 'k noch in lape!' sei er en liet de earm wer falle op in oar stik yn 'e broek. Fiif kear waard der in earm in oare kant út optild en fiif kear kaam er op in oar stik yn 'e broek del.
Doe tocht de boer, as er fiif sokke lapen lân besit, dan wiist it net sa min mei him. Fansels, oer lân hie er net praten, allinnich oer lapen en stikken. Mar de boer sei: 'Dan moatsto sneintejûn mar komme'. Hy troude mei de dochter.
En as se net stoarn binne, dan libje se noch lang en gelokkich.

Onderwerp

AT 0859A - The Penniless Wooer: Patch of Land    AT 0859A - The Penniless Wooer: Patch of Land   

ATU 0859 - The Penniless Bridegroom Pretends to Wealth    ATU 0859 - The Penniless Bridegroom Pretends to Wealth   

Beschrijving

Een bedelaar wilde met de dochter van een boer trouwen. De boer wilde dit niet hebben, maar om te bewijzen wat hij allemaal wel niet had, nam de bedelaar de boer mee naar het open veld. Daar tilde hij zijn arm op en wees naar de hoek van het veld en terwijl hij zijn arm liet zakken en zijn hand liet neer komen op een stuk wat op zijn broek genaaid was, zei hij dat die lap van hem was. Dit deed hij zo met nog vier andere lappen die erop genaaid zaten, maar ondertussen dacht de boer dat hij allemaal stukken land bezat. De bedelaar mocht toen wel met de dochter trouwen.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1979, blz.275

Commentaar

21 februari 1972 en 26 januari 1973
The Penniless Wooer: Patch of Land

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20