Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ypfoe418 - Twa ryksdaalders yn 't himd

Een mop (boek), donderdag 28 oktober 1971

Hoofdtekst

Twa ryksdaalders yn 't himd
In jongkeardel arbeide as opperman by it timmerjen. Hy wie noch mar krekt troud. Doe wienen se ris oan't bouwen mei in hûske sa skean efterút by harres wei. Ut 'e hûs hienen se it gesicht der op. It hûske kaam al moai yn 'e hichte, en op in kear seach de frou wol, dat de spanten der op stienen en dat de maaibeam set waard. Se wist wol, dat it timmerfolk dan wat krige en wachte benijd ôf, wêr't har man mei thúskomme soe.
Der waard ek diskear wat fan jûn en de opperman krige twa ryksdaalders. 'Dat is in moai ynstruiïnkje', sei er tsjin syn maten, 'dêr sil de frouwiis mei wêze'. Doe sei ien fan 'e timmerfeinten: 'Blikstiender, jonge. Dat joust doch net oan 'e frou! Dat moatst út dy sette. Do moatst it foar dysels hâlde, dan hast noch ris wat ekstra's foar in buorrel en sa'. De opperman tochte, hy het einliks gelyk. Ik praat der mar net oer.
Doe't er de jûns thúskaam, prate er nearne oer. Mar de frou frege der op yn: 'De maaibeam stie op 't dak'. 'Ja, dat is ek sa'. 'No, ha jim dan neat krige?' 'Ja, in kop kofje en in stik koeke'. 'O', sei se, 'oars neat?''Nee, mar dat is doch ek goedernôch — it binne op 't lêst mar arbeidersminsken'. Ja, dat wie dan winliken ek sa, dat der waard fierder net oer praat.
Mar doe tocht er, wêr moat ik mei dy twa ryksdaalders hinne? Ik kin se better net yn'e bûse hâlde, want moarnier sil'k my oanklaaie en dan rôlje se my miskien ta de bûse út. Dan ha wy in hiele heibel. Ik moat se mar yn 'e bûsdoek beknoopje. Mar dat wie him ek te noedlik. As ik moarn ris útsnute sil, tocht er, dan sjocht se miskien dy ryksdaalders. Dêr prakkesearre er in skoftsje oer nei.
Undertusken wie de frou op bêd rekke, en dy rôp al: 'Komst ek hast?''Jawis, ik kom der oan!' Deale, wêr moet ik der no mei hinne? tocht er. 'Komst no hast?' 'Ja, ik kom'.
Hy lei al op bêd en dêr hie er de ryksdaalders wrychtich noch yn 'e hân. Dit komt noait goed, tocht er, as ik no moarnmoarne wekker wurd, tink ik miskien net mear om dy ryksdaalders en dan bliuwe se hjir op bêd lizzen. Hoe moet ik dat doch ha?— Wacht, ik knoopje se moai yn 'e slippe fan 't himd! Dat die er en klear wie it.
De oare moarnes, sy kamen der ôf en doe wienen de hiele ryksdaalders him fergetten. Se theedronken, mar it wyfke wie sa eigenaardich stil. Nuver, tocht er, se is oars net moarnsk. 'Skeelt der wat oan?' frege er op 't lêst. 'No nee, mar it is sa nuver!' 'Hoe dat sa?' 'Ei no, ik kaam fan 'e moarn fan 't bêd en doe sieten der my twa ryksdaalders yn't himd beknope'.

Onderwerp

VDK 1407* - De rijksdaalder in het hemd    VDK 1407* - De rijksdaalder in het hemd   

Beschrijving

Een opperman krijgt twee rijksdaalders voor het plaatsen van de meiboom op een nieuw huis. Hij wil deze voor zijn vrouw verbergen, maar weet geen plek waar hij ze zal bewaren. Uiteindelijk knoopt hij ze in de slip van zijn nachthemd. 's Ochtends blijkt dat hij zich vergist heeft en ze in het hemd van zijn vrouw geknoopt heeft.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 396

Commentaar

28 oktober 1971
De rijksdaalder in het hemd

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20