Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ005101 - Fan Kneppelkont en syn wyfke

Een sprookje (mondeling), dinsdag 15 februari 1966

Hoofdtekst

Fan Kneppelkont en syn wyfke
Der wienen in âld mantsje en in âld wyfke, dy wennen yn in âlde dôfpot. Hwant sy hienen gjin sinten om in hûs to keapjen.
Doe sei 't wyfke op in kear tsjin 't mantsje: "Ik ha wolris heard, dat der ergens in greate feart wêze mat, dêr mat in fiskje yn tahâlde. En dat fiskje, as men dat oanropt, en dat forskynt, dan mei men in winsk dwaen. Dû mast us sjen datstû dy feart fine kinste. En dan mastû in hûs winskje."
It mantsje gong der op út en foun de feart.
Hy rôp: "Fiskje, fiskje, bist dêr?"
Doe kommen der in pear bûlchjes op it wetter en dêr kom it kopke fan it fiskje to foarskyn.
"Hwa is it, dy't my ropt?"
"Jan Kneppelkont."
"En hwat wol Jan Kneppelkont?"
"Graech in hûs ha. Kin ik dat fan dy krije?"
"Ja wis wol, it stiet der al. Gean mar wer werom."
En wrachtich, doe't er thús kom stie dêr it hûs. Syn wyfke kom him al tomjitte, alhiel út 'e skroeven. Hwat wienen se bliid mei dat nije hûs!
Mar dat hûs stie der wol, mar der wie neat yn. It wie leech. Gjin gordinen foar de glêzen, neat oer de flier, gjin stuollen en tafels, fan alles neat.
Doe sei 't wyfke: "Dû mast moarn wer nei 't fiskje ta om stuollen ensa."
Jan die it. Hy kom wer by 't fiskje.
"Fiskje, fiskje, bistû hjir?"
Hwat bûlchjes yn 't wetter en dêr kom it kopke fan 't fiskje al to foarskyn.
"Hwa is dêr?"
"Jan Kneppelkont."
"En hwat wol Jan Kneppelkont?"
"Wy ha fan alles neat yn 'e hûs. Kinstû ús dêr ek oan helpe?"
"Gean mar wer fuort. It stiet der al."
Doe't Jan thús kom wie der gjin rie ta. 't Wyfke die de doar iepen, sy biseagen alles us goed. 't Wie allegearre like moai.
Mar doe seagen se ta 't finster út.
Doe seagen se in man en in wyfke, elk op in fyts.
"Sa'n fyts moesten wy ek ha," sei 't wyfke, "dan koenen wy der ek us op út togearre."
Sy die gjin lichten, it mantsje moest wer nei 't fiskje ta en freegje om in fyts.
Jan hie der net folle sin oan, mar alla, hy der hinne.
Hy rôp: "Fiskje, fiskje, bistû hjir?"
It fiskje kom fuortdaliks net.
Doe rôp er lûder. Doe wie der in gespartel yn it wetter en 't fiskje rôp noartsk: "Hwa is it dy't my ropt?"
"Jan Kneppelkont."
"Hwat wol Jan Kneppelkont nou wer ha?"
"In fyts."
"Jo matte mar gau wer fuort gean, hwant jou wiif wol àlles ha."
Doe't Jan thúskom, wie alles fuort. 't Hûs stie der net mear. En doe moesten se wer yn 'e dôfpot wenje lyk as by âlds.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Jan Kneppelkont en zijn vrouw wonen in een pot, omdat ze te arm zijn om een huis te kunnen kopen. De vrouw heeft wel eens gehoord van een tovervisje dat wensen vervult. De vrouw wil dat hij een huis gaat wensen. Jan gaat op zoek en vindt het visje. Eerst wenst hij een huis. Als ze het huis hebben, is de vrouw ontevreden, omdat er niets in staat. Dus gaat Jan terug naar het visje en wenst een interieur. Ook dat krijgen ze. Maar dan ziet de vrouw een man op een fiets rijden, en dan wil ze een fiets. Jan gaat weer naar het visje, maar het visje weigert nog een wens te vervullen: de vrouw van Jan wil immers àlles hebben. Bij terugkeer ziet Jan dat ze alles weer kwijt zijn.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 51, verhaal 1

Commentaar

15 februari 1966
The Fisher and his Wife

Naam Overig in Tekst

Jan Kneppelkont    Jan Kneppelkont   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21