Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ009803

Een mop (mondeling), vrijdag 26 augustus 1966

Hoofdtekst

Sterke Hearke wie ris op in kear yn Stiensgea. Dêr wienen trije mannen, dy hienen ûnder elkoar ôfpraet, de earste de bêste dy't der oan kaem soe ien fan harren oer de wei smite. Hja lotten der om hwa't dat dwaen soe en doe trof dat krekt lytse Knjillis, in bihyndich mantsje.
Knjillis sei : "Kin 't net oergean?"
Mar dat mocht net, ôfpraet wie ôfpraet.
Doe wie 't sterke Hearke, dy't der oankaem. Lytse Knjillis pakte him fuort ûnder by de knibbels beet. Mar hy krige Hearke net op 'e wei.
Hearke sei: "Dat wie mis, mantsje, hè? Nou matte wy wer. Mar hoe wol er nou? Op inoar yn komme of fechtsje?"
Doe sei lytse Knjillis: "Né, ik wol net wer, Hearke, ik wol net wer."
"Ja," sei Hearke, "dan hiest mar net bigjinne matten. Der is neat oan to dwaen, wy matte wer."
Doe soenen se dan mar op elkoar yn.
Hearke stuts syn hannen út en hâldde him fier boven de kop.
"Hwat mat ik nou mei dy dwaen," sei er, "moat ik dy hjir delsette of mat ik dy smite?"
"Hearke," sei er, "set my hinne, hwant ik doch it noait, noait wer."
By de siden hie Hearke him beet hawn, wylst er him optilde. Fjirtsjin dagen lang hat er it noch field.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Drie mannen spreken na loting af dat een van hen de eerste de beste passant zal grijpen en over de wei zal smijten. Prompt komt Sterke Hearke aanlopen. De uitverkoren krachtpatser krijgt Hearke met geen mogelijkheid van de grond en bindt in. Hearke daagt zijn belager uit tot het gevecht. Hearke tilt hem met één soepele beweging boven zijn hoofd op. De man bezweert Hearke het nooit meer te zullen doen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 98, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

26 augustus en 22 september 1966
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Knjillis    Knjillis   

Hearke    Hearke   

Naam Locatie in Tekst

Stiensgea    Stiensgea   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21