Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ012813

Een sage (mondeling), zondag 13 november 1966

Hoofdtekst

Us âlde pake fortelde wol us hoe snoad Japik Ingberts net wie. As er yn 'e nacht op roof út woe, died er fan tofoaren krekt as soed er op bêd. Dan kom er de jouns bûtendoar mei in sliepmûtse op en makke alle tariedingen fan ûnder seil to gean.
Sa die er ek ris in kear, doe gong hy der op út en stiel in hynder út in stik lân yn Twizel. Dêr ried er op oan Visvliet ta. Dêr boun er dat hynder oan in hekke en helle in oar hynder út it lân, dêr't er op sitten gong. Op dat hynder ried er oan Súdhorn ta. Doe't er dêr kaem boun er dat hynder ek oan in hekke en socht in nij hynder út in stik lân. Fan tofoaren hied er it plak al útsocht, dêr't er ynbrekke woe. Dêr ried er hinne op it lêste hynder. Doe sloech er dan syn slach. Doe't dat gebeurd wie ried er op deselde hynders wer nei Twizel ta. It lêste ein nei de Koaten roan er.
Mar de plysjes hienen him op 't eech, doe't se de oare deis fan 'e ynbraek hearden. Se wienen al gau by him.
Doe sei Japik Ingberts: "Kom mar ris mei nei buorman ta. Stie ik justerjoun net yn 'e ûnderbroek achterhûs, mei de sliepmûtse op?"
Dat joech de buorman fuort ta, dy hie him sjoen en de plysjes setten wer ôf.


Onderwerp

VDK 1525Z* 34 - De slaapmuts    VDK 1525Z* 34 - De slaapmuts   

Beschrijving

Als Japik Ingberts wilde gaan inbreken, deed hij die avond net alsof hij zou gaan slapen. Hij zorgde dat zijn buurman hem met zijn slaapmuts op zag. Op een keer ging hij er weer op uit. Hij stal een paard uit een stuk land. Hiermee reed hij naar een andere plek, waar hij het paard aan een hek vastbond, en een ander paard meenam. Dit deed hij nog een keer en met het laatste paard brak hij ergens in. Hij bracht het laatste paard weer naar de eerste plaats en vanaf daar liep hij weer terug naar huis. De politie kon hem niet aanhouden omdat zijn buurman hem met een slaapmuts op had gezien.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 128, verhaal 13

Commentaar

13 november 1966
De slaapmuts

Naam Overig in Tekst

Japik Ingberts    Japik Ingberts   

Koaten    Koaten   

Zuidhoorn    Zuidhoorn   

Visvliet    Visvliet   

Naam Locatie in Tekst

Twizel    Twizel   

Súdhorn    Súdhorn   

Twijzel    Twijzel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21