Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014109

Een sage (mondeling), woensdag 30 november 1966

Hoofdtekst

Achter Ljouwert yn in doarp stie in lyts plaetske. De minsken dy't dêr earst wenne hienen, matte dêr twa bern sa bistoppe ha, sûnder deadshimdsjes oan. Letter kommen dêr oare minsken to wenjen. Dat wienen gelovige lju. Beppe wenne der ek by yn. Sy hienen ek in lyts famke, dat wie in protte by beppe.
Op in kear, doe't beppe in mennich turven út 'e skuorre helle yn 'e turfbak, gong 't famke mei. Sy bleau hwat langer yn 'e skuorre as beppe.
De oare jouns sei 't famke: "Mat beppe ek wer hwat turf ha?"
"Né, leave, joun net", sei beppe.
"Nou beppe," sei 't famke, "ik woe der dochs graech even hinne, hwânt dêr binne twa sokke moaije, leave famkes. Boven yn 'e hoannebalken yn 'e skuorre."
Beppe woard kjel. Sy gong mei 't famke nei de skuorre ta. "Hwer sitte se nou, leave?" frege beppe.
"Sjoch, boven op dy beide latten."
Mar beppe seach it net.
De oare deis gong 't âldminske nei de dûmny ta, en fortelde it gefal oan him. Dûmny sei, hy soe der de jouns nei ta.
Doe't er kom, wie 't al tsjuster. De lytse faem moest tsjin him sizze hwer 't dy popkes sieten.
It famke wiisde, mar de dûmny seach se like min as beppe. Hy frege yn syn gebet de popkes, hwat der de reden fan wie, dat se oan it famke forskynden.
Doe hearden se klear twa fine stimkes sizzen: "Twa himdsjes!"
De oare deis woarden der fuort twa lytse himdsjes kocht en dêr hinne hinge.
In dei letter op 'e joun kom de dûmny wer. Beppe en 't famke gongen mei him nei de skuorre ta.
Beppe frege 't famke of se de berntsjes nou ek seach.
"Né beppe," sei se, "sy binne der nou net."
De bern ha der noait wer west. Salang hja de himdsjes net hienen, koenen se de rêst net fine.


Beschrijving

Een meisje zag elke avond twee kleine meisjes in de schuur op de balken zitten. Toen de dominee vroeg wat ze wilden, zeiden ze 'twee hempjes'. Ze waren door de vorige bewoners van de boerderij zonder doodshemden begraven, en daarom konden de kinderen geen rust vinden.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 141, verhaal 9

Commentaar

30 november 1966

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21