Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ014403

Een mop (mondeling), donderdag 15 december 1966

Hoofdtekst

Der leefde in man, dy syn wiif wie och sa ûnnoazel en dom. Hy hie in koe to forkeapjen en in hin.
Op in dei moest er op stap, doe sei er tsjin syn wiif: "As der hjoed in koopman komt en dy wol de koe of de hin keapje, dan mat de iene hûndert goune opbringe en de oare in dûbeltsje. Kinst dat wol ûnthâlde?"
"Jawol," sei 't wyfke, "dat kin 'k wol ûnthâlde."
De man gong op stap en 't wyfke bleau allinnich thús.
Dy deis kom der in koopman by har.
"Hwat kostet dy hin?" frege er.
"Hûndert goune," sei 't wyfke, "foar minder kin 'k it net dwaen."
"Ei," sei de koopman, "en hwat kostet dy koe?"
"In dûbeltsje", sei 't minske.
"Dan is dy forkocht", sei de koopman, en hy naem de koe mei.
De hin rekke it minske net kwyt.
Doe't har man de jouns thúskaem, en fornaem, hoe't se de koe forhandele hie, wie 't net bêst. Hy woarde sa lulk, dat hy sei: "Ik gean fuort en ik kom net earder wer of ik mat trije froulju foun ha, dy't like dom binne as dû. En hy gong op stap.
[Wordt vervolgd in CJ014404]

Onderwerp

AT 1385 - The Foolish Wife's Pawn    AT 1385 - The Foolish Wife's Pawn   

ATU 1385 - The Foolish Wife’s Security    ATU 1385 - The Foolish Wife’s Security   

Beschrijving

Man draagt vrouw voor de koe honderd gulden te vragen, en voor de kip een dubbeltje. Zij verkoopt de koe echter voor een dubbeltje, en raakt de kip niet kwijt. De man is bij thuiskomst zo boos dat hij zegt pas terug te komen als hij drie even domme vrouwen heeft gevonden.
[Wordt vervolgd in CJ014404]

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 144, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

15 december 1966
Wordt vervolgd in CJ014404
The Foolish Wife's Pawn

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21