Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ017809

Een sage (mondeling), dinsdag 25 april 1967

Hoofdtekst

't Wie yn 'e tiid, dat de ierappels hjir noch net bikend wienen. Doe wie der in dûmny, dy wie nochal hwat foarútstrevend. Dy woe ha, de minsken soenen ierappels ite en èk forbouwe.
Hy gong hinne en hy forboude sels in fjild mei ierappels. Mar de minsken woenen alles samar net ite hwat se net koenen. En forbouwe noch minder.
Net ien dy't dêr ierappels fan ha woe.
Doe gong de dûmny hinne en hy liet in boerd by 't ierappelfjild oanbringe. Dêr stie op, net in minske mocht by 't ierappelfjild komme en sy mochten foaral net oan 'e ierappels komme, hwant dy wienen foar de koaning ornearre. It wie koaninklik iten. Ierappels mochten allinne by de koaning op 'e tafel komme. Der stie ek by hoe't se brûkt wurde moesten.
Hy liet der in plysjewacht by sette; dy moest oppasse dat der gjin dieven by kommen.
Mar dy plysjewacht roan wol us hwat hinne en wer. Hy wie nou hjir us en dan dêr us en paste net sa hiel bêst op 'e ierappels.
Minsken meije graech hwat dwaen dat forbean is.
Sa gebeurde it, dat der al us ien stikum nei de ierappels tasette. Dy helle in poarsje ta de groun út en der kommen stadichoan mear dy't dat dienen.
Earst iet de iene der fan en doe de oare. En dêr wie 't de dûmny krekt om bigong. Sa krige er syn folkje oan 'e ierappels en sy foelen der sa bêst yn dat it oare jiers bouden se allegear ierappels.

Onderwerp

SINUR 0127A* - Warum die Kartoffeln "Pfarrerknollen" heissen    SINUR 0127A* - Warum die Kartoffeln "Pfarrerknollen" heissen   

Beschrijving

In de tijd dat de aardappels hier nog niet bekend zijn, is er een vooruitstrevende dominee die wil dat men aardappelen zou eten en verbouwen. Zelf verbouwt hij een veld met aardappels. Maar de mensen willen niet eten wat ze niet kennen, laat staan verbouwen. Dan laat de dominee een bord bij het veld neerzetten. Daar staat op dat niemand bij het veld mag komen en aan de aardappels mag komen, want die zijn voor de koning bestemd. Aardappels zijn koninklijk voedsel en mogen daarom ook alleen bij de koning op tafel komen. Ook staat er op het bord, hoe aardappels bereid moeten worden. De dominee laat er een politieagent bij zetten, maar omdat deze niet goed oplet en de mensen bovendien graag datgene doen wat verboden is, verdwijnen er een heleboel aardappels. Langzaamaan beginnen de mensen aardappels te eten. En daar was het de dominee nou net om begonnen. De aardappels bevallen zo goed, dat het volgende jaar iedereen aardappels verbouwt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 178, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

25 april 1967
Warum die Kartoffeln 'Pfarrerknollen' heissen

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21