Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ017904

Een sage (mondeling), woensdag 26 april 1967

Hoofdtekst

Wibe Alma fan 'e Harkema wie ien fan 'e raersten. Hy leeft noch. Hy wie oan 'e duvel forkocht. Dat hat faek bliken dien. By nacht doarst er noait reizgje, hwant dan wied er wol in fearnsjier út 'e liken. Hwant by Piter Simensjonges achter 'e dyk kom in pleachbeest foar 't ljocht. Dat wie krekt in grouwe swarte houn en dêr moest Wibe dan mei fechtsje. Dat gong sa'n hiele nacht troch. Dan wied er moarns healwei seizen soms noch net thús. Hy wie dan sa skjin út 'e liken, dat dan koed er dagenlang neat dwaen. Hy doarst der jouns noait mear út.
Wibe Alma is in kear of hwat troch de duvel smiten woarn.

Beschrijving

Een man heeft een pact met de duivel gesloten. Hij durft 's nachts niet te reizen, want dan moet hij de hele nacht met een plaagbeest vechten, en dan is hij daarna dagenlang uitgeput. De duivel heeft hem ook verschillende malen weggezet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 179, verhaal 4 (archief MI)

Commentaar

26 april 1967

Naam Overig in Tekst

Wibe Alma    Wibe Alma   

Piter Simensjonges    Piter Simensjonges   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21