Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ023502 - Alles wat de overheid ophangt, mogen de onderdanen niet neerhalen

Een sage (mondeling), maandag 26 juni 1967

Hoofdtekst

Alles hwat de oerheden ophingje, meije de ûnderdanen net delhelje.
Sa'n trijehûndert jier lyn wennen der yn 'e Kompenije twa bruorren: Gurbe en Jan. Hja leefden fan ynbrekken en stellen en moardzjen. Mar op in kear, doe't se in âlde boer biroofd hienen, woarde Jan pakt. Hy woarde foroardield ta de strop. Hy soe to Ljouwert ophong wurde op it Saeilân.
Fryslân en Grinslân hienen mar ien beul togearre en dy beul dy wenne yn Grins. Dy beul moast dus fan Grins nei Ljouwert ta reizgje.
Gurbe hienen se net snapt. Hy tocht: "As myn broer ophong wurdt, bin ik mar allinne mear.
Dat moat net gebeure, ik moat der hwat op útfine."
De beul koe net ynienen fan Grins nei Ljouwert ta. Hy moast ûnderweis yn in tuskendoarp oernachtsje. Dat wist Gurbe. Doe't de jouns de postkoets út Grins dêr oankaem, wie Gurbe dêr ek al. De beul kaem yn syn greate reade mantel út 'e postkoets wei. Gurbe wist nou fuortdaelks hwa't de beul wie. De beul hie de feint net meinaem, omt der mar ien wie, dy't torjochtsteld wurde moast.
Gurbe makke in praetsje mei him en traktearre him op in goeije buorrel. Mar hy die der hwat yn, dat de beul net seach.
Nei in healûrke slepte de beul sa fêst, dat Gurbe sei tsjin 'e kastlein: "Sil ik him mar nei syn keamer bringe?"
De kastlein tochte dat Gurbe de feint fan 'e beul wie en liet him gewurde. Doe kaem Gurbe mei de beul yn dy syn keamer. Gurbe nimt de moaije reade mantel fan 'e beul en dy leit er oan 'e kant. En de beul leit er op bêd.
De oare moarns kaem de beul aerdich by. Doe joech Gurbe him nòch in poeijer yn 'e kofje en wei wied er wer.
De postkoets kaem foar. Doe Gurbe yn 'e reade mantel yn 'e koets ynpleats fan de beul.
De kastlein tocht: "Giet nou de beul allinne nei Ljouwert ta en lit er syn feint mar sliepe? Affijn, dan lit ik him ek lizze."
Doe't Gurbe yn Ljouwert oankaem, gong er direkt nei 't rjochtsgebou. Hy woe mei syn broer Jan prate. Mar hy moast in folmacht ha, dat er by syn broer talitten wurde mocht. Dy krige er en doe kaem er dan by Jan. Hy sei tsjin him: "Jonge, goed oppasse. 'k Ha hjir in riem foar dy mei in heak der oan. Dy riem moat ûnder 'e earm troch. De strop doch ik oan 'e heak as it safier is, dan kin dy net tichtstrûpe. Doe died er Jan foar hokker gesichten as er lûke moast ûnder 't sabeare ophingjen. Op 't allerlêst moast er de tonge ta de mûle úthingje litte. Dat lêste moast er foaral net forjitte, sei Gurbe, hwant oars miene de minsken datst net dea bist." "En," sei er noch, "dû mast der om tinke, dat ik dy fannacht ophelje. Ik kom mei de wein."
Dyselde deis noch waerd 'Jan' troch Gurbe 'ophong'. En dêr hong er dan. Hy wie och sa bliid dat it sa biteard wie, hwant hy seach tsjin 'e dea oan.
Boer Olfert wenne flak by de stêd. Hy wie dêr mei de wein hinne riden, omt er in boadskip hie. Syn soan ried mei. Togearre rieden se oer 't Saeilân.
Jan hong dêr yn 'e rym en miende dat syn broer Gurbe der oankaem mei de wein. Hy sei: "Broer, broer, bist dêr?"
"Och heden," seit de boer, "dy man dy't dêr hinget, is fêst ûnskuldich, hwant hy leeft noch."
"Hoe matte wy dêr mei oan?" seit de soan.
De boer seit: "Him lossnije en meinimme."
Hja ride mei de wein ûnder 'e galge en snije it tou stikken, sadat Jan op 'e wein tolânne komt en dan ride se nei de boer syn plaets ta.
De boer hie krekt in pear nije learzens kocht en hie dêr in nije learzeknecht by krigen. Dat spul hied er yn 'e keamer delset.
Jan woarde op 'e matte dellein oer de flier. De boer gong op bêd yn 't iene bêdsté en de soan yn 't oare.
It wie ljochtmoannewaer. Jan tochte: "Ik mat hjir wei." Mar hy wie op bleate fuotten. Ynienen sjocht er de nije learzens stean. Hy tinkt: "Dy mat ik us oanpasse. As ik se oan ha kin naei ik der mei út." Hy wie 't stellen wol wend.
Dat hy paste de learzens.
Mar de boer, dy't yn 't bêdsté lei, hie alles sjoen en tocht: "Dit is ek hwat. Nou ha 'k him holpen en nou bistelt er my èk noch!" En hy giet stil fan bêd ôf, kriget de learzeknecht en slacht Jan dea. Mar as dat gebeurd is, stiet hy der forlegen by. Hwant nou hat er in moart dien.
De soan komt ek al út bêd, dy hat lawaei heard.
"Hwat hat heit nou dien?" freget er. "Hwat nou?"
De boer seit: "Wy bringe him wer nei 't plak ta, dêr't wy him weihelle ha. Ik ha noch wol in nij hoarntou. Dêr hingje wy him oan."
Hja spanden it hynder foar de wein, de deade Jan der op en dêr gong 't wer nei 't Saeilân ta.
Yn dy tiid hie Gurbe der al west om syn broer to heljen. Mar doe't dy der net mear hong, wied er wer fuort gong. Hy tocht: "Wy treffe elkoar wol us wer."
Doe't de boer en de soan Jan dêr wer ophong hienen, rieden se gau wer mei de wein nei hûs ta en gongen op bêd.
De oare moarns moast it lyk bigroeven wurde.
It eigenaerdige wie, hja hienen Jan mei bleate fuotten ophong en nou hied er in pear gloednije learzens oan. De boer hie forgetten yn 'e alteraesje him dy út to lûken.
Doe't de deagraver en de plysje it lyk der ôfhellen, kommen se ta de ûntdekking dat Jan deahoud wie. Sy founen de heak ek, dêr't de strop oan sitten hie. Hy wie dus net ophong.
Doe liet de boargemaster bikend meitsje en omroppe dat dejinge, dy't in pear gloednije learzens kwyt wie, dy moast him melde. Hy soe net straft wurde.
De boer woe graech syn learzens wer ha. Hy sei tsjin syn soan: "Wy geane der hinne."
Doe fortelde hy de hearen it hiele forhael. Hy krige gjin straf. De rjochter sei allinne: "Tink der om: alles hwat de oerheit ophinget, meije de ûnderdanen net delhelje."

Beschrijving

Twee broers, Jan en Gurbe, leefden van inbreken. Maar op een keer werd Jan gepakt, en veroordeeld tot de strop. Gurbe wist iets in het drankje van de beul te doen, en nam zijn rode mantel mee. Hij zocht zijn broer in de nor op en vertelde hem hoe hij tijdens de ophanging moest doen alsof hij dood was. Aan de strop zou Gurbe een haak hangen, zodat Jan niet zou stikken. Jan moest dan voor dood blijven hangen, en Gurbe zou hem 's nachts komen ophalen. Maar toen er die nacht een boer langs reed, dacht Jan dat Gurbe hem kwam ophalen. De boer hoorde dat de opgehangene leefde, en haalde hem van de strop. Hij nam hem mee naar huis, en gaf hem een slaapplaats. Jan wilde midden in de nacht weg, maar hij had geen schoenen meer. Hij nam de nieuwe laarzen van de boer en wilde gaan. Maar de boer had het door en sloeg hem dood. Hij besloot het lijk terug te hangen aan de strop, zodat niemand hem zou verdenken. Maar hij vergat zijn laarzen weer mee terug te nemen. Toen men het lijk weghaalde, zag men dat hij niet in de strop gestikt was, en men zag de nieuwe laarzen. Er werd bekend gemaakt dat degene die een paar nieuwe laarzen kwijt was, deze op kon komen halen zonder gestraft te worden. De boer ging zijn laarzen ophalen en vertelde wat er gebeurd was. De rechter zei: "Denk erom, alles wat de overheid ophangt, mogen de onderdanen niet neerhalen."

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 235, verhaal 2

Commentaar

26 juni 1967

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Gurbe    Gurbe   

Kompenije    Kompenije   

Compagnie    Compagnie   

Saeilân    Saeilân   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21