Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ024805

Een sage (mondeling), zondag 10 september 1967

Hoofdtekst

By de Krúswei yn 'e Harkema wie 't froeger allegear perseeltsje-lân. Dêr stie us op in joun in kloftsje jongfolk by inoar. Dêr wie Sytse Jager ek by. Sytse Jager wie ien fan 'e raersten fan 'e Harkema. Unforskillich en ek noch gemeen.
Sytse sei: "Ik mat even út 'e broek." Hy gong oer de dyk it lân yn. Dêr wie in dobbe flakby. Dy dobbe wie leech. Dêr krûpte Sytse yn en dêr gong er sitten to skiten.
Wylst er dêr siet, kom der in hiel lyts keardeltsje by him. Dy sette him goed toplak. Dy smiet him út 'e dobbe wei op it lân. In hiel ein. En mei sa'n kracht, dat hy wie yn 'e sûze.
Doe't Sytse wer by syn sûpe en stút kom, gong er wer nei 't ploechje ta. Hy sei: "Hwat ik nou bileefd ha, dêr is gjin rie ta."
Sytse wie faek by ús heit (Piter Alma) en dy hat er it forteld.


Beschrijving

Een man zat in een opgedroogd meertje te poepen, toen hij opeens door een klein mannetje werd weggesmeten.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 248, verhaal 5

Commentaar

10 september 1967

Naam Overig in Tekst

Sytse Jager    Sytse Jager   

Piter Alma    Piter Alma   

Naam Locatie in Tekst

Krúswei    Krúswei   

Kruisweg    Kruisweg   

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21