Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ026102

Een sage (mondeling), zaterdag 06 september 1969

Hoofdtekst

Us mem wenne yn Stiensgea achter de bosk.
Op in kear soe se nei 't dânsjen ta to Readskuorre. 't Wie joun. Op 'e weromreis, doe't se to Sumeer wie, woarde se in man gewaer, dy't dêr omroan.
Doe seach se, dat dy man dwars troch de muorre fan in hûs hinne roan en dat er sa wei woarde. Men kin bigripe dat se tige kjel woarde.
Doe't se thúskom lei pake al op bêd. Sy gong nei him ta en sei: "Och, och, hwat ha 'k nou hwat bileefd." En doe fortelde se hwat se sjoen hie.
Doe fortelde pake har, hwa't dêr froeger wenne hie. Dy man wie dêr doe formoarde woarn. Froeger hie dêr in paedtsje west, doe stie dat hûs dêr noch net. Dat paedtsje wie letter tichtboud.
"It hat dy man west, dystû sjoen hast," sei er, "dy is al lang wei, en dy giet itselde paed noch lâns dat der froeger west hat."


Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een meisje zag op een avond een man door de muur van een huis heen gaan en doodgaan. Haar vader vertelde dat daar vroeger een pad liep waar een man vermoord was. De man liep nog steeds over hetzelfde pad.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 261, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 september 1969
Andere Tote spuken.

Naam Overig in Tekst

Readskuorre    Readskuorre   

Naam Locatie in Tekst

Sumeer    Sumeer   

Stiensgea    Stiensgea   

Augustinusga    Augustinusga   

Suameer    Suameer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21