Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ028317 - Hoe 't winterkoaninkje syn namme krige

Een sprookje (mondeling), 1951 - 1954

Hoofdtekst

Hoe 't winterkoaninkje syn namme krige
Alle fûgels wienen us op in kear by inoar. Sy hâldden in forgadering, hwant sy woenen in koaning ha.
Sy kommen meiinoar oerien, dat moest in wedstriid hâlden wurde. Dy fûgel, dy 't it heechste fleane koe, dat soe de koaning wurde.
Hwat die doe it snoade winterkoaninkje? Dy krûpte ûnder 'e wjukken fan in adelaer, tusken de fearren.
Dêr gong it op in fleanen. Alle fûgels fleagen omheech, sa heech as se mar koenen.
Mar de iene nei de oare fael der by wei. En op it lêst bleau de adelaer allinne oer.
Dy fleech en fleech mar, al heger en heger. Mar nei forrin fan tiid woarde er warch, doe koed er net mear.
Hwat hie it liepe winterkoaninkje nou to dwaen?
Dat sljocht ûnder 'e adelaer syn wjukken wei en fljocht noch krekt even heger as de adelaer, en dêrtroch krige er de namme fan winterkoaninkje, hwant hy de wedstriid woun hie.

Onderwerp

AT 0221 - The Election of Bird-king    AT 0221 - The Election of Bird-king   

ATU 0221 - The Election of King of Birds.    ATU 0221 - The Election of King of Birds.   

Beschrijving

De vogels willen een koning hebben. Ze besluiten tot een wedstrijd: wie het hoogste kan vliegen, wordt koning. Er is een klein vogeltje dat zich verstopt onder de veren van de adelaar. De adelaar vliegt het hoogste, maar als hij moe is, vliegt het vogeltje nog iets hoger. En zo is dit vogeltje aan zijn naam winterkoninkje gekomen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 283, verhaal 17 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

ca. 1953
The Election of Bird-king

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21