Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ0286A05

Een sage (mondeling), donderdag 09 mei 1968

Hoofdtekst

Wibe de Vries wie alve jier en wenne yn Moarmwâld. Hy gong us op in kear nei syn pake ta, dy wenne ek yn Moarmwâld. Dêr groeide ingelwoartel yn 'e buert. Dat wie in krûd mei lange stâllen (schermbloemige). Dêr koenen wy wetter mei fuortspuitsje. Wetterbos neamden wy sa'n ding. Krekt hied er sa'n wetterbos makke, doe kom der ynienen in hiele lange man oan, dy stie foar him. Doe gong dy man njonken de skuorre lâns. Doe wied er by de hoeke west en doe wied er samar ynienen wei west en hy hie neat sein.
Wibe kom by syn beppe yn 'e hûs en hy fortelde hwat er sjoen hie. "Hjir wie niis in greate man beppe, en dy sei neat."
"Soa jonge", sei syn beppe. Dyselde persoan kaem dêr nachts ek wol yn 'e hûs. En sy hienen him ek wol achter op 'e greid sjoen.
It wie in forskining en it doogde net. Sy seinen it tsjin Schoffelmeer. Dy wie rooms.
Schoffelmeer sei: "As it der wèr is, dan matte jim my even roppe. Dan sil ik der achteroan."
Doe seagen se it wer in kear op 'e greid. Achterút. Doe gongen se gau nei Schoffelmeer ta. Doe kom dy. Hy sette der achteroan. Mar 't bleau hyltyd fóár him. As h_ fierder gong, dan gong dat spoek (dy man) èk fierder. Doe't se op 't ein fan 'e greid wienen, doe woarde it spoek wei yn 'e hjouwer dy't achter de greid wie.

Onderwerp

SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.    SINSAG 0475 - Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.   

Beschrijving

Een jongetje wordt opgeschrikt door een lange, onbekende man die niets zegt. Als het jongetje hem langs de schuur volgt, verdwijnt de man even plotseling als hij verschenen is. De hulp van een roomse man wordt ingeschakeld, maar ook hij kan de man niet bereiken. Het is een spookverschijning.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 286A, verhaal 5 (archief MI)

Commentaar

9 mei 1968
Spuk in Gestalt einer lebendigen Person.

Naam Overig in Tekst

Wibe de Vries    Wibe de Vries   

Moarmwâld    Moarmwâld   

Naam Locatie in Tekst

Schoffelmeer    Schoffelmeer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21