Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ031306

Een sage (mondeling), woensdag 20 december 1967

Hoofdtekst

Op in kear siet der in reabonte kat by my oer 't hûs. Hy siet achter op syn kont, midden oer de keamer. De beide poaten die er krúst foar de kop lâns, hyltyd mar hinne en wer. Ik tocht: "Dû bist in tsjoenster." Krekt as waerd it my ynjown.
Ik die de doar ticht en krige de tange. Doe ik achter dy kat oan. De kat fleach fjouwer kear by de gerdinen op en del. Ik sloech him mei de tange. Seis kear sprong er oer de tafel hinne en op 't kastke.
"Forrotte âlde Gjetsje," rôp ik, "ik sil dy deaslaen!"
Op 't lêst fleach er my by 't boarst op. Hy hie egen sa great as thépantsjes. Ik sloech him mei de tange dêr wei en die de doar iepen.
In ûre letter sei Tsjalling: "Gjetsje leit op bêd. 't Is krekt as is har hiele lichum toslein. It is bûnt en blau." Ik tocht: "Nou wyt ik genôch."

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

Een vrouw vermoedt dat een roodbonte kat een heks is en slaat hardhandig op het dier in. De volgende moet een vrouw met een bont en blauw geslagen lichaam het bed houden. Zij was de heks in kattengedaante.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 313, verhaal 6 (archief MI)

Commentaar

20 december 1967
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.

Naam Overig in Tekst

Gjetsje    Gjetsje   

Tsjalling    Tsjalling   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21