Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ033401

Een sage (mondeling), vrijdag 09 februari 1968

Hoofdtekst

Heit en dy wennen op 'e Fjouwer Roeden. Sy hienen in jonkje, dat woarde siik. Sy woenen nei Greate Wopke ta to Kûkherne. Mar sy koenen it wetter fan it bern net meinimme, dêr wie 't noch to lyts ta. Doe nom heit it himdtsje fan 't jonkje mei.
"Wite jo ried?" sei heit tsjin Wopke. Hy liet Wopke 't himdtsje sjen.
Wopke biseach it en sei: "Der komt wolris in âld wiif by jimmes, hè?"
"Ja", sei heit.
"Hwat seit se?"
"Hoe is 't mei de lytse jonge?"
"En hwat sizze jo dan?"
"Gelyk, hè?" siz ik dan.
"Jo matte dat wiif yn 'e rekken hâlde", sei Wopke. "Dy hat it bern bitsjoend."
Heit wie foar de duvel net bang. "As dat âld wiif komt, forbrân ik har", sei er.
Wopke joech him guod mei.
Doe't heit thús wie lei er in hiel great fjûr oan yn 'e fjûrpot. En doe wachte er op 't âld wiif.
Al gauwachtich kom se der oan.
"Binne jo al wer thús, Lútsen?" sei se.
"Ja", sei heit en hy krige har by de earm beet. "Dit fjûr is foar dy. Dû silst opslach it bern better meitsje en oars forbrân ik dy levend." (Heit hie 't ek dien, hwant dy stie nergens foar.)
Mar doe woarde 't âld wiif binaud.
Sy sei: "Ik sil 't dy wol sizze. Dû mast fiif mingels feare koemolke siede. As it goed siedt mastû der mei 't bern boppe sitten gean mei de holle. De damp fan 'e molke mat nei jimme gesichten gean. Jimme matte togearre ûnder in lekken sitte.
Dan sil 't bern in ding ta de hals útkomme. Mar dû mast dat ding net dea dwaen, hwant oars gean ik dea."
Doe't se dat sein hie, sei heit: "Nou matst sjen datst fuort komste, oars hast dyn lêste stront skiten."
Hja wie samar ta de doar út.
Heit gong nei Jarich Hollander ta, dy wenne ek oan 'e Fjouwer Roede en helle feare koemolke op.
Doe ha se dat sean en heit en 't jonkje ha togearre ûnder in lekken yn 'e hite damp fan 'e molke sitten.
Doe kom it jonkje in berneslange ta de hals út. Heit hat him fuortsmiten. Hied er him deamakke dan wie 't âld-wiif ek deagong.
't Ald wiif hat dêr noait wer west.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Wopke de duivelbanner voorspelt dat een kind betoverd is door een oude vrouw, een heks. De vader van het betoverde kind besluit wraakzuchtig het oude mens te verbranden en wacht haar op met een groot vuur. Als de heks bij het huis arriveert, wordt ze erg bang en geeft ze aanwijzingen hoe het kind kan genezen. De vader volgt de raad van de heks op: samen met zijn kind neemt hij plaats onder een laken om met het hoofd boven de damp van kokende koeienmelk te hangen. Prompt komt er een slang uit de hals van het kindje. Dit is precies hoe de heks het voorspeld had: de vader mag de slang niet doodmaken, omdat anders de heks ook sterft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 334, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

9 februari 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Fjouwer Roeden    Fjouwer Roeden   

Greate Wopke    Greate Wopke   

Wopke    Wopke   

Fjouwer Roede    Fjouwer Roede   

Lútsen    Lútsen   

Jarich Hollander    Jarich Hollander   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21