Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035219

Een mop (mondeling), zondag 10 maart 1968

Hoofdtekst

Yn 'e Koaten moest in nije koster komme. Doe wie der in âlde frou, dy wenne by har soan yn.
De frou sei tsjin him: "Dat wie wol hwat foar dy."
Mar de jonge koe lêze noch skriuwe, dat de dûmny sei tsjin him: "Dat kin neat wurde." Sadwaende gong dat oer.
De jonge syn mem rekke wei en hy bleau allinne oer. Doe forfarde er nei Amearika, om dêr syn gelok to sykjen.
Dêr gong it him hiel bêst. Hy gong steeds mar foarút en woarde in man mei jild.
Doe tocht er: ik wol us wer yn 'e Koaten sjen. Hy reizge dêr hinne en doe wie dêr krekt in boerespul to keap.
Hy kocht it en doe moest er nei notaris ta om syn hântekening to setten ûnder 'e koopakte.
Mar skriuwe koed er net, dat hy sette in krúske.
De notaris stie stomforbaesd.
"Kinne jo net skriuwe, man?" frege er forwûnderd?
"Né", sei er.
"Man," sei de notaris, "hwat hienen jo net wurde kind as jo ek noch lêze en skriuwe kind hienen."
"Dan hie 'k koster woarn fan 'e Koatster tsjerke", wie 't antwurd.
(teltsje fan myn broer)

Onderwerp

BRUN 07540 - Bookkeeper in a Brothel    BRUN 07540 - Bookkeeper in a Brothel   

ATU 1659 - Late Satisfaction.    ATU 1659 - Late Satisfaction.   

Beschrijving

Een ongeletterde jongen aast op een kostersbaantje, maar de dominee wil de analfabeet niet aannemen. Als de jongen naar Amerika vertrekt om zijn geluk aldaar te beproeven, wordt hij een rijk man. Pas jaren later keert hij terug naar zijn geboortedorp om een boerenplaats te kopen. Als hij een kruisje in plaats van een handtekening zet onder de koopakte, vraagt de notaris zich hardop af wat de jongen wel niet geworden zou zijn, ware hij geletterd geweest. 'Koster van de kerk' antwoordt de jongen prompt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 352, verhaal 19 (archief MI)

Commentaar

10 maart 1968
Zie ook type VDK 1659A*, De man die niet lezen en schrijven kon.
Bookkeeper in a Brothel

Naam Overig in Tekst

Koaten    Koaten   

Amearika    Amearika   

Koatster    Koatster   

Naam Locatie in Tekst

Amerika    Amerika   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21