Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ035803

Een sprookje (mondeling), woensdag 03 april 1968

Hoofdtekst

Der wie us in koaning, dy mocht sa graech fortellen hearre. Hoe wûnderliker, hoe moaijer. Hy forbaesde him noait en hy soe noait sizze: "Dat is in leugen." Hy sei altyd: "'t Kin wier wêze."
Doe bitocht dy koaning in plan. As der ien wie yn syn koaninkryk, dy't him hwat fortelle koe sà wûnderlik, dat er sei - dat is in leugen - dan mocht dyselde mei de prinses trouwe. Koed er it net, dan rekke er syn holle kwyt.
Doe wienen der guon dy weagen it. Mar de koaning sei allinne mar: "'t Kin wier wêze" en sy rekken de holle kwyt.
Doe wie der in jonge, dy woe 't ek us prebearje.
Hy gong nei de koaning ta. En hy fortelde:
"Ik haw us in hinnipsiedtsje yn 'e tún boud. En dat hinnipsiedtsje woarde sa great, dat it rikke yn 'e wolkens. Sa'n ein beam woarde it.
Doe woe 'k us sjen hoe't it der dêr boven yn 'e wolkens útseach. Ik klom omheech, hiel hiel heech. Mar doe't ik omtrint oan 'e ein ta wie, gliede ik fan boven. En dat gong mei sa'n feart, dat ik skeat like fier ta de groun yn as dat ik omheech west hie.
Doe gong ik nei hûs ta om in leider op to heljen, om der wer út to klimmen."
De koaning lake en sei: "'t Kin wier wêze."
"Ja," sei de jonge, "mar dit is net alles. Yn 'e groun wennen ek minsken. En doe haw ik oan dy minsken frege of se jo wol koenen. Dy koaning, sei 'k dy't sa fan fortellen hâldt."
- Né - seinen se, - dy koaning kenne wy net. Mar wy ha syn pake wòl kend. Hwant dy hat hjir froeger bargehoeder west -"
"Dat is in leugen!" rôp de koaning.
"Nou ha jo 't forlern," sei de jonge, "en ik trou mei jou dochter."

Onderwerp

AT 0852 - The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."    AT 0852 - The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."   

ATU 0852 - Lying Contest    ATU 0852 - Lying Contest   

Beschrijving

Een koning looft zijn dochter uit voor diegene die een verhaal vertelt waarop de koning kan antwoorden 'dat lieg je'. Kan de koning dit niet antwoorden, dan wordt de verhalenverteller onthoofd. Veel mensen bestoken de koning met leugenachtige verhalen, maar iedere keer zegt de koning: 'Het zou kunnen' en moeten er koppen rollen. Een jongen beweert dat hij ooit eens aan een paar mensen vroeg of ze de koning kenden. De mensen antwoordden ontkennend, maar beweerden wel de vader van de koning gekend te hebben, omdat die daar vroeger varkenshoeder was geweest. 'Dat is een leugen!' antwoordt de koning prompt en de jongen trouwt met de prinses.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 358, verhaal 3 (archief MI)

Commentaar

3 april 1968
The Hero Forces the Princess to Say, "That is a Lie."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21