Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ037206

Een sprookje (mondeling), woensdag 17 april 1968

Hoofdtekst

Der wie in fiskerman, dy wie tige earm. Hy wenne mei 't wyfke yn in tonne.
Doe't er us op in kear it net ynhelle siet der tusken de oare fisken in goudfiskje yn. Dat fiskje koe prate.
"Goai my wer yn sé," sei it, "dan meije jo trije winsken dwaen, dy sil ik forfulle."
De fisker smyt it goudfiskje yn sé en giet nei syn wyfke ta. De frou is gau klear mei har winsk. "Gean nei it fiskje ta," seit se, "en freegje om in moaij nij hûs."
De man giet nei de kant fan 'e sé.
"Fiskje, fiskje," ropt er, "myn frou wol graech in nij hûs ha!"
"Gean mar werom," seit it fiskje, "it hûs stiet der al."
In skoftsje letter hat de frou hwat oars bitocht. Sy wol in auto ha.
De man wurdt wer nei 't fiskje tastjûrd.
"Fiske, fiskje," ropt er, "myn frou wol graech in auto ha!"
"Gean mar werom," seit it fiskje, "de auto stiet der al."
As de fisker thúskomt stiet der in machtige-moaije slide.
In skoftsje letter dan is de frou al wèr ûntofreden. Nou wol se personeel ha: feinten en fammen en in cauffeur.
De man wurdt wer nei 't fiskje tastjûrd.
"Fiskje, fiskje," ropt er, "myn frou wol graech personeel ha!"
"Gean mar werom," seit it fiskje, "it personeel is der al."
As er thúskomt binne de minsken der al, ek in túnfeint.
Nei in skoft seit de frou tsjin 'e fisker: "Nou mast wer hinnegean, ik wol koaningin fan it lân wêze."
De man seit: "Ik haw al trije kear hinne west. Hwerom mat ik nou wèr hinne?"
Mar syn wyfke hâldt krekt sa lang oan dat er him biprate lit.
"Fiske, fiskje," ropt er, "myn frou wol koaningin wurde."
Mar nou wurdt it fiskje pears fan lulkens. It slacht sa bot mei de sturt yn 't wetter dat de hiele sé is yn biroering.
De fisker giet wer fuort sûnder dat it fiskje hwat sein hat.
As er thús komt sit syn wiif skriemend yn 'e tonne.

Onderwerp

AT 0555 - The Fisher and his Wife    AT 0555 - The Fisher and his Wife   

ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.    ATU 0555 - The Fisherman and his Wife.   

VDK 0555 - The Fisher and his Wife    VDK 0555 - The Fisher and his Wife   

Beschrijving

Een arme visser ving eens een goudvis. Hij mocht drie wensen doen als hij het dier terug in zee zou gooien. De vissersvrouw wilde graag een nieuw huis, daarna een auto en vervolgens personeel in huis. Alledrie kreeg de vrouw. Maar toen was ze nog niet tevreden, ze wilde koningin worden. Toen de visser dat tegen de goudvis zei, werd deze heel boos en zei niets meer. De visser ging maar weer naar huis, waar hij zijn vrouw huilend in hun oude stulpje zag zitten.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 372, verhaal 6

Commentaar

17 april 1968
The Fisher and his Wife

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21