Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ038402

Een sage (mondeling), woensdag 08 mei 1968

Hoofdtekst

Ik troude sa'n sechstich jier lyn mei in wyfke fan Hurdegaryp. It fanke hie oars noch noait hwat dien as by de huzen lâns naeije.
Wy krigen hjir in nij hûs op 'e Tike.
Ik moest nei de Fryske klaei ta to meanen, it wyfke bleau sa lang thús.
Ik hie de wyks fan to foaren in hage by de hiele reed lâns boud. Doe soe dêr in skroat bovenoan. Mar dat hie 'k net mear oan tiid hawn, doe wie 'k nei de klaei ta rekke. Ik bleau in wike wei. Doe't ik thús kom, siet de skroat der oan. Dat hienen oaren wylst foar my dien. Der lei noch in bosk skroaten bûtendoar, dy hienen se oerhâlden. Dêr achter stie in skuorke, dêr siet neat yn.
"Hoe hat it dy foldien?" frege ik myn wyfke.
Hja hie har suster út Hurdegaryp dy wyks by har hawn.
"Net bêst," sei se, "wy ha hjir hwat bileefd."
Hja sliepten togearre yn 't bêdsté tsjin 'e muorre oan. Op in nacht hienen guon mei planken tsjin elkoar oan slein op 'e telle en se tsjin 'e muorre oan set.
"Wy wienen sa binaud," sei se, "dat wy krûpten djip ûnder 'e tekkens."
"'t Hat forbeelding west", sei ik.
"Né, wier net," sei se, "freegje myn suster mar."
Ik kom bûtendoar en sette de skroaten tsjin 'e middelmuorre oan. Dat die 'k twa by twa. Se klapten tsjin elkoar oan.
Doe kom myn wyfke nei bûten ta en sy sei: "Dat binne de lûden, dy't wy heard ha." 't Wie foartjirmerij west.



Onderwerp

SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.    SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   

Beschrijving

Een pasgetrouwde man had een heg gemaakt, maar was niet meer toegekomen aan de schroten, hij moest gaan werken op de Friese klei. Toen hij na een week thuis kwam, was de afrastering klaar. Zijn vrouw zei dat ze op een avond een hoop lawaai buiten had gehoord, en dat ze erg bang was geweest. De man ging naar buiten om zelf het laatste stukje af te maken. De vrouw kwam zeggen dat dat het precies hetzelfde geluid was als ze eerder gehoord had.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 384, verhaal 2

Commentaar

8 mei 1968
Vorbedeutung anderer Ereignisse.

Naam Locatie in Tekst

Hurdegaryp    Hurdegaryp   

Hardegarijp    Hardegarijp   

Tike    Tike   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21