Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ039201

Een sage (mondeling), vrijdag 22 maart 1968

Hoofdtekst

Ik hie in jonkje, in lytse Gerrit, dy wie troch Alle Tet bitsjoend. It bern wie doe fiif jier âld. Wy wennen yn dy tiid op 'e Bulten, by Tet yn 'e buert. Elke dei kom se by ús. Dan nom se it bern út it bedtsje en dan sei se: "Hwat bistû in leaf jonkje." Sy sloech net in dei oer of sy kom. Dan roan se der samar yn. Sa dryst wie se, en dan it bern mar op 'e skoat.
It bern woarde siik en it stoar. Alde Klaze Syts helle Tet op om to biklaeijen. Tet sei: "Geef het mij maar even. 't Kind is dood en blijft dood."
Mar ik woe Tet net wer op it hiem ha. It bern wie alhiel blau en sa slop as in flarde. Dêr koe men oan sjen dat it bitsjoend wie.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een kind was ziek en stierf. Hij had vaak bij Alle Tet op schoot gezeten. Toen hij dood was bleef zijn lichaam helemaal slap en blauw. Daaraan was te zien dat hij betoverd was.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 392, verhaal 1

Commentaar

22 maart 1968
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Gerrit    Gerrit   

Alle Tet    Alle Tet   

Bulten    Bulten   

Klaze Syts    Klaze Syts   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21