Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040411

Een sage (mondeling), donderdag 16 mei 1968

Hoofdtekst

Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe.
Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein. Doe gongen dy fjouwer mannen hinne en setten op it café ta, sûnder Ynse to bidanken. Sy lieten Ynse stean dêr't er stie. Dat stie Ynse min oan. Hy nom de beam fan 'e wein en lei him wer moai op 'e wei en gong fuort.

Op in kear kom Ynse op Drachtster merke. Dêr stie in slajut. Ynse woe der ek even op slaen. Doe sloech er it hiele kistje plat en de penne sloech er yn 'e wei del.
Doe sei de man fan 'e slajut tsjin him: "Hwer komme jo wei?"
"Fan Bakkefean", sei Ynse.




Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Een paar mannen vroegen Sterke Ynse eens te helpen bij het laden van een boomstam. In zijn eentje tilde hij de boom op de wagen. Maar toen de mannen hem vervolgens niet bedankten en zelf lekker naar de kroeg gingen zonder hem uit te nodigen, heeft hij de boomstam weer terug op de grond gelegd.
Sterke Ynse heeft op de markt in Drachten eens de Kop van Jut plat geslagen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 404, verhaal 11

Commentaar

16 mei 1968
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Ynse    Sterke Ynse   

Kop van Jut    Kop van Jut   

Naam Locatie in Tekst

Bakkefean    Bakkefean   

Bakkeveen    Bakkeveen   

Drachten    Drachten   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21