Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ040601

Een sprookje (mondeling), zaterdag 05 augustus 1967

Leonardo_Diffusion_XL_a_realistic_color_photo_of_a_princess_la_3.jpg

Hoofdtekst

Der wie in prinses, dy wie siik. Hja wie altyd nearslachtich, der koe net in glimke ôf. De koaning hie der al withoefolle gelearde dokters by helle, mar der wie net ien dy't wist hwat der oan to dwaen. Doe kom der in dokter út fiere lannen wei. Dy sei: "As men har mar oan 't laitsjen bringe kin, dan wurdt se wol wer better."
Mar der wie net ien dy't dat dwaen koe.
Doe liet de koaning rounom bikend meitsje dat hy soe syn dochter trouwe litte mei deselde dy't har oan it laitsjen brocht.
Der wienen al in soad feinten dy't dat prebearre hienen, mar it joech allegear neat. De prinses seach altyd like tryst.
Doe wie der in hiele earme houtkapper, dy foun in gouden goes. Doe't de minsken dat seagen kommen se achter him oan. Sy woenen allegear graech dy gouden goes ha of op syn minst in gouden fear.
Mar doe't se de goes beetpakten koenen se him net wer loslitte. De iene woe de oare helpe mar doe koed er him net wer loslitte. It woarde in hiele rigele minsken samar út it wurk wei, dy't allegear oan elkoar fêst sieten. De houtkapper mei de gouden goes roan foarop.
Doe gongen se foar it paleis lâns, dêr't de koaningsdochter foar 't glês siet.
Doe't se dy nuvere fortoaning seach, moest se sa bot laitsje, dat sy skattere it út.
Hja wie genezen en hja troude mei de earme houtkapper.


Onderwerp

AT 0571 - "All Stick Together."    AT 0571 - "All Stick Together."   

ATU 0571 - “All Stick Together”.    ATU 0571 - “All Stick Together”.   

Beschrijving

Een prinses was ziek, ze was altijd neerslachtig. Volgens een dokter moest ze aan het lachen gebracht worden. De koning liet bekend maken dat degene die dat zou lukken, met haar mocht trouwen. Op een keer kwam er een houtkapper voorbij met een gouden gans. Iedereen die dat beest aanraakte, bleef vastgeplakt zitten. Een hele meute was daardoor op een hoopje geplakt. Toen de prinses dat zag, moest ze hard lachen en was ze weer genezen. Ze trouwde met de houtkapper.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 406, verhaal 1

Commentaar

5 augustus 1967
"All Stick Together."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21