Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ045708

Een sage (mondeling), zondag 18 augustus 1968

Hoofdtekst

Ik hie in omke Knjillis, dêr bin ik nei neamd. Hy plichte in soad by ús to kommen. Hy hie syn frou forlern en m_n frou wosk faek foar him.
Op in kear kom er by ús, doe sei 'k: "Knjillis-om, 'k leau, jo binne warch."
"Ja," sei er, "ik bin èk warch."
"Omke docht doch neat mear, wol?"
"Ik haw 't noch noait sa drok hawn as fannacht", sei er.
"Hoedat sa?" sei 'k.
"Ik lei op bêd justernacht en ik sjoch oer de keamer en doe wie dêr in wiif alhiel yn 't wyt. Dy giet om 'e tafel hinne en sjocht yn alle kopkes. Dy sjocht se allegear nei. Ja, en doe is se der út rekke.
Fannacht wie se der wer. Doe ha 'k mei har slein om se kwyt to wurden. Doe is se wer fuort rekke."
Omke switte der oer en hie 't binaud.

Onderwerp

SINSAG 0310 - Andere Erscheinungen von Weissen Frauen    SINSAG 0310 - Andere Erscheinungen von Weissen Frauen   

Beschrijving

Een man wordt 's nachts opgeschrikt door een witte spookvrouw die in alle kopjes op de tafel kijkt.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 457, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 augustus 1968
Andere Erscheinungen von Weissen Frauen

Naam Overig in Tekst

Knjillis    Knjillis   

Knjillis-om    Knjillis-om   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21