Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ047704

Een sprookje (mondeling), woensdag 18 september 1968

Hoofdtekst

Der wie us in man dy wie nergens bifreesd foar. Hy wist net hwat it wie: ergens bang foar wêze. Doe sei er by himsels: ik mat doch us sjen gewaer to wurden hwat dat is.
Doe gong er op stap, de wereld yn. Hy nom syn lytse jonge mei. Hy woe bifreesd wurde.
Jouns gong er nei de iene of oare boereskuorre ta en dêr joech er him dan mei syn jonkje del. Nou ris sliepten se hjir, dan dêr wer. Dat hâldde er sa tiden fol. Mar hy krige noait de kâns om us bang to wurden.
Doe kom er op in jountiid mei syn soantsje by in prachtich moai great hûs. Hy frege dêr by de doar of hja dêr sliepe mochten.
De frou, dy't foar kaem helle har man op en dy stie him to wurd.
"Né," sei mynhear, "ik hâld der gjin sliepers op nei, mar as jo ûnderdak ha wolle, ik haw in eintsje fierder in moai hûs stean mei wol sawn keamers. Dêr kinne jo mei jou jonkje wol yn oernachtsje as jo dat wolle. 't Is myn hûs. Gean dêr mar hinne. 't Is der lekker waerm."
De man gong mei syn soantsje nei dat hûs ta. 't Wie in great gebou. De kachel wie oan, 't wie der lekker waerm.
Sy wienen noch mar even yn 'e keamer of dêr waerden turven en baelders fan boppe smiten.
Doe sei de man: "Genoeg hoor." En doe hâldde 't op. De man wie alhiel net bang.
Hy en syn jonkje sieten elk op in stoel. Doe't se dêr in skoftsje sitten hienen, kamen der twa mannen yn. Dy seinen neat en sy skouden in kiste tusken him en syn soantsje yn. Sûnder hwat to sizzen gongen dy beide mannen der wer út.
Doe sei dy man tsjin syn soantsje: "Ik wol us yn dy kiste sjen hwat dêr yn is."
Doe lei dêr in grize âld-man yn.
Hy fielde der nei mei syn hân. Hy sei: "Wat is die stakker koud." Hy nimt him út 'e kiste wei en draecht him nei 't fjûr. Hy wol him waermje.
"Hij wil ook niet warm worden", seit er. Doe lei er him wer yn 'e kiste.
Bang wied er alhiel net.
Even letter komme de beide mannen der wer yn, en nimme de kiste wer mei.
De man en 't jonkje ite hwat op. As dat gebeurd is, seit er tsjin 't jonkje: "Ik wol 't gebou us hielendal bisjen."
Der wienen wol sawn keamers.
Sy bisjogge alles. Sy komme earst yn in keamer, dêr sit hielendal neat yn.
Doe kommen se yn in keamer, dêr wienen sawn man yn oan 't kegeljen. Doe't se him seagen fregen se him of er ek mei kegelje woe.
"Jawol", sei er en hy rekke mei oan 't kegeljen.
Hy woan iderkear. Mar der kamen gjin sinten op 'e lappen. Op 't lêst sei er: "Wy matte ek us om jild kegelje, net?"
Doe kom ien fan dy sawn man by him. Dy sei tsjin him: "Yn dit gebou sit in hiel soad jild forburgen. Dêr mat de tsjerke ien diel fan ha en de earme minsken matte der ien diel fan ha en 't oare diel is foar jo. As dat gebeurd is, komme wy hjir net wer." Doe wiisde hy dy man it plak oan dêr't it jild forburgen siet.
"Wolle jo dat foar ús folbringe?" frege er de man.
"Jawol", sei dy.
Doe gongen dy sawn mannen fuort.
De man en syn jonkje gongen op bêd.
De oare moarns doe't it bigoun to daegjen, gong de man mei syn jonkje nei de mynhear ta.
"Wel?" seit mynhear, "hoe is 't gong?"
Doe fortelde de man hoe't it gong wie.
"Nou," sei de mynhear, "dan kinne jo dat slot wol krije. Om 'e nocht. Ik wol 't wol kwyt. 't Is in spûkslot."
"Goed," sei de man, "ik ha in greate húshâlding, wy kinne wol hwat rûmte brûke."
Sa kearde dizze man dan mei syn jonkje werom. Hy wie net bifreesd woarn, mar wòl ryk.

Onderwerp

AT 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is    AT 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is   

ATU 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is.    ATU 0326 - The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is.   

Beschrijving

Een man die nooit angst kent, wil weten hoe het voelt om bang te zijn. Met zijn zoontje trekt hij eropuit, om de angst te leren kennen. De man overnacht met zijn zoontje in een groot huis met zeven kamers. Alhoewel hij allerlei vreemde geluiden hoort, voelt de man zich geen moment bevreesd. Als twee mannen - schurken - een kist in de kamer zetten, kijkt de man er onbevreesd in. In de kist blijkt een dode man te liggen. Als het jongetje alle zeven kamers van het huis wil zien, gaan ze op onderzoek uit. In de eerste kamer treffen ze niets aan. In de tweede kamer zijn zeven mannen aan het kegelen. De man die geen angst kent doet direct mee met kegelen, maar geeft aan graag voor geld te willen spelen. Een van de kegelspelers vertelt hem over een grote geldschat die in het huis verborgen ligt. Een deel van het geld gaat naar de kerk; een ander deel is bestemd voor arme mensen. Het overige mag hij - de man die geen angst kent - hebben, aldus de kegelspeler. De kegelspeler belooft de man dat als de schat gevonden is en op dergelijke wijze verdeeld is, hij en de andere kegelaars niet meer terug zullen komen. De man vervult de wens van de kegelaar. De man zonder angst gaat nog steeds zonder angst, maar met geld, naar huis.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 477, verhaal 4 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

18 september 1968
The Youth Who Wanted to Learn What Fear Is

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21