Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE431 - Grôt Jeep

Een mop (boek), dinsdag 15 februari 1972

Hoofdtekst

Grôt Jeep
In skipper hiet Jeep. Hy foer mei in feint en de frou wenne oan'e wâl. No wie dat foarhinne sa: skippersfeinten moasten ek itensiede kinne. Doe wienen se yn it fean en de skipper gong út turfsykjen en de feint soe thúsbliuwe.
'Wat moatte wy ite?'frege er.
'Ei no, om my mar grôt'.
'Hoefolle moat ik sawat siede?'
'Sa'n panne fol, den ha wy genôch'.
De skipper stick af en de feint fûn in pear pûden grôt en die de panne sa likernôch fol. Wetter der op en de panne oer't fjoer. Hy hie him by it besteegjen wol foar in knappe itensieder útjûn, mar hy moast it noch leare. No tynt grôt omraak. It tynt aldermâlst. Mar wat wist de feint dêrfan! It duorre mar efkes, doe kaam it grôt omheech. Aldergeloks, de feint stie der by en seach it. Wat moat ik no? tocht er. Hy grypte de sleef en in oar pântsje en dêr skepte er it boppeste fan it grôt yn oer.
It oare liet er trochsiede. Lykwols it duorre mar justjes, doe riisde dat ek omheech. Wer fol dy panne. Hy krige in oar pântsje en dat skepte er ek fol. En dat gong wol in kear of fjouwer sa troch. Grutte pannen wienen der net mear, dat hy moast alle Iytse pântsjes dy't er mar fine koe brûke om it grôt te bergjen. Njonkenlytsen hie er de hiele kachel fol pântsjes mei grôt stean.
Mei de tiid kaam de skipper thús: 'No jonge, hast it iten klear?'
'Ja Jeep'.
De skipper seach de pannen en de pântsjes stean. 'No, no!' sei er, 'wat hast dêryn?' Hy wiisde nei de earste panne.
'Grôt Jeep'.
'En wat hast dêryn?'
'Grôt Jeep'.
'En wat hast dêr dan yn?'
'Grôt Jeep'.
Sa gong dat mar troch.
'It is al den bliksem grôt', sei de skipper. Dat is ûnder skippers sa'n sechje bleaun. As de iene freget: 'Wet sille wy ite', den seit de oare: 'Grôt Jeep'.

Beschrijving

Een schipper heette Jeep. Toen hij nog geen vrouw had, woonde hij samen met zijn knecht in Heerenveen. De schipper ging turf zoeken en de knecht moest eten maken. Dus de knecht doet een pan vol met gort. Door het rijzingsproces worden het steeds meer pannetjes en 's avonds als de schipper terugkomt ziet hij alleen maar pannetjes met gort op de kachel staan. Hij zegt: 'het is alleen maar gort'. Onder schippers is het antwoord op de vraag: wat eten we? steevast 'gort jeep'.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 404

Commentaar

15 februari 1972
Tweede verteller is Gelf Wiersma op 21 februari 1972.

Naam Overig in Tekst

Jeep    Jeep   

gort Jeep    gort Jeep   

Naam Locatie in Tekst

Heerenveen    Heerenveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20