Hoofdtekst
Imke de Jong wie arbeider by in boer, net sa fier fan Ljouwert ôf. Moarns moest er altyd it fé ophelje as der molken wurde moest. Imke koe ôfgryslike hurd rinne. Op in moarn, doe moest er it fé wer ophelje. Hy gong der ier en bitiid ôf, doe treau er hwat ûnder syn jas op 'e rêch, dat it like krekt as hied er in buchel. Doe helle er gau ien fan 'e kij út it lân en sette dêrmei nei de fémerk ta to Ljouwert. 't Wie op in freed. Hy forkocht de kou fan 'e boer oan in koopman, dy't him tomjitte kom.
Doe't er de sinten bard hie, makke er gau dat er wer yn 't lân kom. Hy die 't spul ûnder 'e jas wei, doe wie syn 'buchel' wer fuort.
Doe sei er tsjin 'e boer: "Der is in koe fuort, der mist ien by wei. Kinne se him jo ek ûntstellen ha?"
"'t Is hjoed merk yn Ljouwert", sei de boer. "Kin dy koe dêr ek ris wêze?"
Dat, Imke en de boer togearre nei Ljouwert ta, en ja, dêr seagen se de koe op 'e merk.
Doe sei de boer tsjin 'e koopman: "Kenne jo de man ek wer dy't jo dizze koe forkocht hat?"
De koopman seach Imke skerp oan en sei: "Astû in buchel hawn hieste, wiestû it. Mar dû kinst it net wêze."
"Unmooglik", sei de boer en hy kocht de koe wer.
(dit wordt in de regel verteld van Japik Ingberts A.A.J.)

Onderwerp
VDK 1525Z* 3 - Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)   
Beschrijving
Imke de Jong werkt als knecht bij een boer en moet iedere ochtend het vee ophalen als er gemolken wordt. Imke maakt met iets een bult op zijn rug, zodat het lijkt alsof hij een bochel heeft. Hij verkoopt een koe van de boer op de veemarkt en houdt het geld. Hij verwijdert zijn bult en spoedt zich terug naar de boer met de mededeling dat een van de koeien verdwenen - wellicht gestolen - is. Imke gaat met de boer naar de markt om het gestolen dier te zoeken. Als ze de koe vinden, vraagt de boer aan de koopman of hij zich de man herinnert die het dier aan hem verkocht heeft. De koopman kijkt Imke scherp aan, en geeft te kennen dat 'hij (Imke) het geweest had kunnen zijn, als hij een bochel had gehad'. De boer koopt zijn eigen koe terug. (dit wordt in de regel verteld van Japik Ingberts A.A.J.)
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 496, verhaal 18 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
17 oktober 1968
Japik Ingberts verkoopt als bultenaar een gestolen paard (koe)
Naam Overig in Tekst
Imke de Jong   
Imke   
Japik Ingberts   
A.A.J.   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21