Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ050507

Een sage (mondeling), maandag 28 oktober 1968

Hoofdtekst

Fjirtich jier lyn kom ik op in moarn op 't wurk. Doe kom Wibe Doetsjes op my ta en sei: "Jonge, hwat wie ik fan 'e moarn yn 'e war om dy."
"Om my?" sei 'k.
"Ja, om dy. Dyn hûs stie yn 'e brân", sei er.
"Dan wie 't niis al wer út," sei 'k, "hwant ik kom nou krekt fan hûs."
"Ik ha 't brânnen sjoen", sei er. "Ik koe de lôge troch de popelieren beammen hinne sjen."
It wie yn maert dat er dat fortelde.
De hjerstmis - 'k hie nei de klaei ta west to sichtsjen, 't wie prachtich waer - doe sieten wy byinoar mei de bern yn 't skrobbermakkershokje, dat wy as wenning ynrjochte hienen.
"Hwat rûkt it hjir branderich", sei Marijke. Mar der wie yn 't hiele hûs neat to finen dat brânde.
Wy gongen op bêd.
Deselde nachts is dit hûs hjir opbrând.

Onderwerp

SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes    SINSAG 0491 - Vorzeichen eines Brandes   

Beschrijving

Een man zegt bezorgd tegen een collega dat hij diens huis in de brand heeft zien staan. Het is een voorgezicht: later brandt het huis daadwerkelijk af.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 505, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

28 oktober 1968
Vorzeichen eines Brandes

Naam Overig in Tekst

Wibe Doetsjes    Wibe Doetsjes   

Marijke    Marijke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21