Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ052109

Een sage (mondeling), maandag 07 oktober 1968

Hoofdtekst

Wy ha wenne oan 'e âld achterwei yn 'e Falom, in hiel ein achterút. It spokke dêr yn dat hûs. De minsken dy't dêr fóár ús wenne hienen wienen der dêr om weigong. Ik hierde 't hûs foar in bytsje sinten, ek al omdat net ien dêr wenje woe.
Ik hie dêr hwat fé op 'e stâl. Froeger hienen de kij seelkettings om. Myn kij hienen dat doe ek. Mar dêr rattelen se yn 'e nacht wol sa bot mei en 't wie dêr in lawaei, dat wy koenen der soms de hiele nacht net om sliepe. It wie krekt as kaem de hiele wereld fan boppen. Wit hoe faek stie der moarns in kou los op stâl. It hat faek west, dan skodde ús nachts de koai ûnder 't gat, krekt as hoartten se oan 't hûs om. Soms kaem ik jouns thús, dan stie de bûthúsdoar wiid op. Dy doar wie net ticht to hâlden. Dy woarde yn 'e nacht iependien. Mar ek wol us op dei. Dan stie er wagewiid iepen. Ik ha 't wol bisocht in kile op 'e knip troch de kram to dwaen, mar likegoed waerd de doar iepen dien. In kaei joech ek neat. Altyd wer wie de doar iepen.
In eintsje fierder wenne in widdou - Jan Wibes widdou - mei twa dochters. Der hienen earder trije dochters west. Hja wienen us in kear yn 'e simmer mei har fjouweren yn 't hea. 't Wie mar in lyts protsje hea. Dat woenen se binnen ha, hwant de loft kaem opsetten en sy woenen der leafst gjin wetter yn ha. 't Bigoun geweldich to wjerljochtsjen en der foelen swiere slaggen.
Doe kaem der in fjûrbol oansetten, dy loek oer de groun en kaem op 'e fjouwer froulju ta. It iene fanke stie in eintsje fan 'e oaren ôf. De fjûrbol sloech har flak tsjin 'e groun oan. Sy wie morsdea.
Der wie neat fan to sjen dat de fjûrbol har rekke hie, net in hierke, dat skroeid wie.
Op in kear yn 'e neisimmer hie 'k in bult hea by 't hûs stean. Myn wiif en ik stienen bûten. 't Wie op in saterdeijoune om healwei tsienen hinne.
Ik sei tsjin 't wiif: "Dêr komt ien fan Jan Wibes froulju oan." Hwà fan 'e beiden it wie koe 'k net sjen. Hja hie in swarte wale foar. Hja kaem net by ús. Hja bleau in eintsje fan ús ôf.
Wy seagen har beide. Wy koenen oer de hekke hinne sjen. Myn frou stie foar de tichte bûthúsdoar. Der stie in bult hea op it hiem en in karre mei gjers.
Ik sjoch even nei de hekke. Dan sjoch ik wer nei 't fanke... en fuort is se! Dêr wie se noch en in momint letter wie se der net mear. Dêr woe 'k mear fan wite. Ik de klompen út, oer de hekke en de wei út. Mar ik seach neat.
Ik kom wer by de frou. Ik sei: "Hastû de doar op dien?" De bûthúsdoar stie wiid iepen.
"Né", sei se.
Der wie mar ien mooglikheit. Dat fanke hie de doar iependien. Dat fanke wie op it hiem west sûnder dat myn wiif it sjoen hie en dy hie de doar iepenmakke. Dat wie itselde fanke, dat yndertiid troch dy fjûrbol rekke woarn wie.
Nou hienen wy de oplossing foun, dat dy doar altyd iepen stie, nachts sawol as deis.
Doe't wy de saek troch hienen, sei myn frou: "Nou wol ik hjir net in ûre mear allinne wêze."
Doe binne wy dêr wei gien to wenjen. Sy ha 't spul doe ôfbrutsen. Net ien woe der mear hinne.


Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Een man huurt voor een luttel bedrag een spookhuis dat niemand durft te bewonen. Allerlei spookachtige dingen gebeuren om en rond het spookhuis: vee rammelt met kettingen; koeien staan 's ochtends los op stal; een deur springt vanzelf open. Een weduwe die vlakbij het huis woonde, werd eens - toen ze samen met haar drie dochters hooi binnenhaalde - overvallen door onweer. Één van de dochters werd dodelijk getroffen door een enorme vuurbal. De man ziet de overleden dochter soms ronddolen bij het huis. De man vermoedt dat de deur altijd open staat, omdat de ziel van het dode meisje rondwaart.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 521, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

7 oktober 1968
Andere Tote spuken.

Naam Overig in Tekst

Falom    Falom   

Jan Wibes    Jan Wibes   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21