Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ056008

Een sage (mondeling), dinsdag 17 december 1968

Hoofdtekst

Myn broer Gosse wie fjirdel jier âld ( = 3_ jaar), doe koed er noch noait rinne.
Alde Pôpe biltsje dy wie altyd by ús. Hy wie keppelbaes en mollefanger ensa, mar hy paste ek faek op ús Gosse. Sy seinen altyd, hy wie in tsjoenster, mar dêr hienen wy ús noait folle oan steurd.
Mar doe woarde Pôpe siik. Dat gebeurde wylst er by Hindrik Tammes yn 't bargehok wie. Dêr foel 't him oan. Wy krigen biricht, dat hy moest ophelle wurde mei de wein.
Myn broer Harm der hinne.
"Nou wol 'k earst nei jimmes ta", hied er sein.
Doe't Pôpe by ús op bêd lei, sei er: "'t Jonkje mat komme." Dêr bidoelde er ús Gosse mei, myn jongste broer, dêr't er faek op past hie. Doe wie er noch hiel aerdich.
De sneins woarde er al min. Hy frege mar nei 't jonkje. Heit en dy woenen Gosse nei him ta bringe, mar doe makke ús Harm him baes. "Hy komt net mei", sei er. "De âlde satan hat him lang genôch ûnder 'e macht hawn."
It earste hwat Pôpe frege wie: "Hwer is 't jonkje?"
Heit en dy seinen doe mar gau dat er forkâlden wie en griperich. "Hy mat àl by my komme", sei Pôpe.
(As Pôpe by ús kom krûpte 't jonkje altyd nei him ta. Dan joech Pôpe him suertsjes en sa, dy helle Gosse him dan ta de bûse út.)
Alde Pôpe is stoarn en Gosse is fan stonden oan opknapt. Hy slepte op in fearren kessen. Mem hat it iepen makke. Der siet in folle krâns yn. Dy wie mei wyt en swart jern makke en de fearkes leinen allegear moai ien kant oer. Twa wienen klear. De trêdde wienen se mei oan 'e gong.
Mem sei tsjin meester Walstra (fan 'e Broek): "Jo leauwe net oan tsjoenen, wol?"
"Né", sei meester.
"Nou matte jo hjir us sjen", sei mem, en doe liet se him de krânsen sjen. Hja hat de iene krâns altyd biwarre.
Alde Pôpe hat ús Gosse ûnder 'e macht hawn.


Onderwerp

SINSAG 0677 - Zauberer verzaubert Kind (Mann).    SINSAG 0677 - Zauberer verzaubert Kind (Mann).   

Beschrijving

Een man paste vaak op een klein jochie van 3 jaar. Het kind kon nog steeds niet lopen. Mensen zeiden dat de man een heks was, maar dat geloofden de ouders niet. Maar toen de man doodging, leerde het kind opeens heel snel lopen. En ze vonden kransen in zijn kussen. De derde was bijna af. Dan zou het kind gestorven zijn. Hij was dus toch betoverd.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 560, verhaal 8

Commentaar

17 december 1968
Zauberer verzaubert Kind (Mann).

Naam Overig in Tekst

Alde Pôpe    Alde Pôpe   

Hindrik Tammes    Hindrik Tammes   

Harm    Harm   

Gosse    Gosse   

Walstra    Walstra   

Naam Locatie in Tekst

Broek    Broek   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21