Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ061311

Een sprookje (mondeling), donderdag 13 maart 1969

Hoofdtekst

De fûgels hâldden us op in kear in wedstriid. Hwa't it heechst fleane koe, dat soe de koaning wurde.
De arend tochte: dat win ik grif, hwant der wie net in fûgel, dy't tsjin him fleane koe. Dat wist it lytse winterkoaninkje wol en dêrom krûpte er de arend op 'e rêch, sûnder dat ien fan 'e fûgels it seach.
De fûgels moesten it allegear tsjin 'e arend ôflizze, dy bleau op 't lêst allinne yn 'e loft. Hy wie de heechste en hy miende al dat er it woan hie. Mar doe't er nei de bidelte soe, fleach it lytse winterkoaninkje fan 'e arend syn rêch yn 'e hichte en rôp: "Mar koaning bin ik!"
Doe krige hy de spotnamme fan winterkoaning.
Mar de fûgels wienen lulk op him en ôfgunstich. Se fleagen op him ta en woenen him deameitsje. Doe krûpte er út 'e wei yn in mollegatsje. Dêr koe net in fûgel by him komme.
Doe seinen se tsjin 'e katûle: "Dû mast op him passe. Sadré as hy der út wrot, mast him pakke."
De ûle siet op in takke yn 'e beam. Mar hy woarde slûch. Hy die it iene eech ticht. Even letter die er it oare eech ticht. Doe hied er beide egen ticht.
Doe makke it winterkoaninkje gau dat er ta de groun út kom, en seach om in hinnekommen.
Mar ta straf kin de ûle sûnt dy tiid allinne mar yn 't tsjuster sjen.


Onderwerp

AT 0221A - Test: who can Fly Highest?    AT 0221A - Test: who can Fly Highest?   

ATU 0221A - Test: who can Fly Highest?    ATU 0221A - Test: who can Fly Highest?   

Beschrijving

De vogels hebben een keer een weddenschap: degene die het hoogste vliegt, wordt koning. De arend denkt dat hij wint, want niemand kan tegen hem opvliegen. Daarom kruipt het winterkoninkje stiekem op zijn rug. De arend denkt dat hij gewonnen heeft als het winterkoninkje van zijn rug afvliegt en roept dat hij de koning is. Zo komt hij aan zijn naam. De andere vogels willen hem doodmaken en daarom kruipt hij in een molsgat. De katuil krijgt opdracht hem te pakken zodra hij uit het gat komt. De uil gaat op wacht en wordt moe. Het winterkoninkje grijpt zijn kans en ontkomt. Als straf kan de uil sindsdien alleen maar in het donker zien.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 613, verhaal 11

Commentaar

13 maart 1969
Test: who can Fly Highest?

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21