Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ065717

Een sage (mondeling), zondag 26 januari 1969

Hoofdtekst

Ik wie in famke fan in jier of tsien. Ik hie in bruorke, dat wie doe trije en in healjier âld. Foeke hiet er.
Ik droomde op in nacht dat Foeke wie dea. Hy lei yn 't kistje, dat stie foar 't finster. Beppe wie der ek en dy hie mem by de hân. Ik gûlde yn 'e sliep. Doe kom mem fan 't bêd ôf en sei: "Hiltsje, hwat mankeart dy nou? Hwerom droomstû sa?"
Ik sei mar gau, ik droomde, dat ik oan 't fechtsjen wie mei bern út skoalle. Ik woe net sizze hwat ik sjoen hie yn myn droom.
Dyselde hjerstmis woarde Foeke siik. Binnen trije dagen wied er dea. Hy lei yn 't kistje, foar 't finster. En beppe en mem stienen by 't kistje. Beppe hie mem by de hân beet.
Doe sei ik: "Mem hat my doe dy nachts frege hwat ik droomde. Dit ha ik droomd, dit haw ik sjoen. Beppe hie mem by de hân beet."
Ik forjit dit noait wer.


Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

Beschrijving

Meisje droomt dat haar broertje in een doodskistje ligt waar haar grootmoeder en moeder naar staan te kijken. Enige tijd later sterft haar broerje en staan haar grootmoeder en moeder bij het kistje te kijken.



Bron

Corpus Jaarsma, Archief Meertens Instituut, verslag 657, verhaal 17

Commentaar

26 januari 1969
Der Sarg gesehen

Naam Overig in Tekst

Foeke    Foeke   

Hiltsje    Hiltsje   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21