Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ066004

Een sage (mondeling), woensdag 11 juni 1969

Hoofdtekst

Myn wiif is sauntsjin jier jonger as ik. Sy is fan har earste man skeiden. Sy hat ris in kear nei in kaertlizter yn Grins west.
Hja sei tsjin dy kaertlizter: "Ik woe graech de takomst wite fan 't leven."
De kaertlizter hie tsien kaerten op in rige lizzen. Dêr moest myn wiif trije trijetallen fan opnimme. De tsiende bleau lizzen.
De kaertlizter kearde de kaerten om. Doe sei se: "Jo binne geskeiden. Jo binne nou by in hiel goeije man (!) Doe sei se: "Jo komme tusken 't Fean en Drachten to wenjen." (Dat is allegear neikom) Doe sei se: "Der komt binnenkoart in sterfgefal by jo yn 'e famylje." Dat kloppe ek. Har broer Marten fan Aldegea stoar.
Doe frege myn wiif nei har soan. Dy hie op dat stuit gjin wurk. Sy woe graech wite of er ek gau wurk krije soe.
Doe sei se: "Binnen fjouwer wike tiid hat jou soan fêst wurk."
En doe makke se de biwegings fan ien dy't achter 't stjûr fan in auto sit (mei de earms). Dat kom nei. Hy kom op in greate auto to riden fan 'e Mearumer molkfabryk.
Doe sei se, myn wiif moest op har beurs passe, dy rekke se kwyt.
Letter sleepte se har beurs wei mei fyftich goune der yn.
Sy sei ek noch, myn wiif moest lotten keapje. Dan soe se hwat winne. Dat is ek gebeurd. Myn wiif hat inkelde kearen hwat woan, ûnder mear in wollene tekken.
Doe sei se, wy soenen nòch ris forhúzje, fan Grinzer Pein ôf.
Dat is ek gebeurd. Yn 1966 binne wy hjir yn Mearum kom.
Se sei, myn wiif soe in blinkend ding om 'e hals ha. Sy krige letter in gouden collier en dat droech se sneins.
Tsjin myn wiif har dochter sei se, dy soe fan 'e Boelensloane nei de Trije Roede forhúzje. Har man hie de kanker, sei se.
Myn wiif har skoansoan is foar in pear jier opereard.
Nou liket it optheden wol aerdich goed, mar hy is wol altyd raer.


Beschrijving

Een vrouw ging eens naar een kaartlegster. Die voorspelde haar vele dingen, die allemaal uitkwamen. Zo zou ze gaan scheiden, en opnieuw trouwen. Ze zou verhuizen. Haar zoon zou binnen vier weken vast werk krijgen als chauffeur. Ze zou iets winnen in de loterij. Ze zou haar portemonnee verliezen. De man van haar dochter zou kanker krijgen, enz.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 660, verhaal 4

Commentaar

11 juni 1969

Naam Overig in Tekst

Fean    Fean   

Marten    Marten   

Mearum    Mearum   

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Trije Roede    Trije Roede   

Naam Locatie in Tekst

Veen    Veen   

Drachten    Drachten   

Aldegea    Aldegea   

Boelensloane    Boelensloane   

Boelenslaan    Boelenslaan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21