Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ068016

Een sage (mondeling), dinsdag 20 mei 1969

Hoofdtekst

Alde Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear doe hied er timmere yn 'e Hamster Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. It bakje mei it timmerridskip hied er op 't skouder.
Ruerd wie in wyldeman. 't Wie al hast tsjuster en hy moest oer de houtsjes. De paden roannen dwars troch 't lân hinne. Dat is nou noch sa. Hy fortelde letter: "Der gong hyltyd hwat achter my lâns. Ik sei: - Dû mast hjir achter my wei gean. As bist de duvel ek, dan hou ik dy de kop yn - Ik makke my klear en ik sette myn bakje op 'e groun del."
Doe wied er krigen woarn en doe woarde er in ein fuort smiten. Hy kom krekt mei de knibbel op it houtsje tolânne, dêr't er oer moest. Doe hat er dêr in moai skoft mei sitten.
Deselde dy't him smiten hie, siet yn 'e beam en skattere krekt as in ekster. Dat wie de kweade.


Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Een man kwam eens terug van zijn werk. De hele tijd merkte hij dat iets hem achtervolgde. Hij zei dat diegene weg moest gaan, al was het de duivel zelf. Toen werd de man opgetild en een eind verder weer neergesmeten. Diegene die dat had gedaan, zat in een boom en schaterde als een ekster. Dat was de duivel.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 680, verhaal 16

Commentaar

20 mei 1969
Andere Begegnungen mit dem Teufel.

Naam Overig in Tekst

Ruerd van der Veen    Ruerd van der Veen   

Hamster Pein    Hamster Pein   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21