Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ071601

Een sage (mondeling), donderdag 17 juli 1969

Hoofdtekst

Der wie in boer dy hie in stik greidlân, dat lei gâns in ein fan hûs en sa hied er ek in stik bou, dat fierôf lei.
It greidlân hied er in kuilbult op sitten. Op in kear stjûrde dy boer de feint dêrhinne om in foer kuil to heljen en as er dat op 'e wein laden hie, dan moest er even nei de bou ta ride en helje de cultivator op, hwant dy wie dêr stean bleaun en dy woe er foar de winter graech wer thús ha.
Doe't de feint it foer kuil laden hie, ried er nei de bou om de cultivator achter de wein to heakjen, en sa soed er wer op hûs oan. De jonge fan 'e boer siet by de feint op 'e wein.
Doe't se al in eintsje yn 't doarp op wienen, kom der in greate auto oan riden mei kleden der om hinne. Dy kleden wapperen en dêr woarden de hynders bang foar, dat dy sloegen op 'e kletter. De jonge rekke fan 'e wein en de feint ek en de hynders stouden mei barstend gewelt op 'e pleats oan.
De boer stie al to wachtsjen en dy seach dêr ynienen syn hynders oankommen, dy't op 'e rin wienen.
Hy strûpte hurd de jas út en sloech dêr mei op en del.
Doe timperen de hynders de feart hwat en koe de boer se pakke. De skoalmaster kom dêr krekt lâns en seach alles hwat der gebeurde. By dy skoalmaster gong Jan, de jonge fan 'e boer, op skoalle.
De oare moarns sei master tsjin Jan: "Je vader, Jan, dat is een held."
Mar Jan sei net fan ja. Hy liet it hwat yn him om gean en master seach wol dat er 't net mei dy wurden iens wie.
Doe frege er: "Bist it dêr net mei iens, Jan?"
"Né, master", sei Jan. "Jo seinen, ús heit wie in helt, mar dat sjoch ik der net yn. Lêstendeis wie ús mem twa dagen útfanhûs en fuort de earste jouns wie heit sa binaud, doe doarst er net allinne to sliepen. Doe is er by de faem op bêd krûpt."


Beschrijving

Een knecht en een boerenzoon zaten eens op de wagen, toen de paarden hevig schrokken van een auto. Ze renden als een bezetene op de boerderij af, en de knecht en de jongen vielen van de wagen. De meester van de jongen zag hoe de boer met zijn jasje begon te zwaaien, en zo de paarden weer in toom kreeg. De volgende dag zei de meester tegen de jongen dat zijn vader een held was. Maar daar was de jongen het niet mee eens. Want toen zijn moeder laatst een paar dagen niet thuis was, durfde zijn vader niet alleen te gaan slapen en is bij de meid in bed gekropen.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 716, verhaal 1

Commentaar

17 juli 1969

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21