Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073304

Een sage (mondeling), woensdag 06 augustus 1969

Hoofdtekst

Ien fan sawn dochters, sizze se, is in nachtmerje. Sy komt troch it slotsgat yn 'e hûs. Men mat moal op 't gesicht struije of de toffels achterstofoar foar 't bêd sette, dan komme se net by jo. Dan kin se net samar yn 'e toffels stappe.
Der wie alris in man dy fangde sa'n nachtmerje. Dy man wie in widner mei bern. De oare moarns siet de nachtmerje by de tafel. Sy koe net wer fuort komme, hwant sy hie moal oan har.
Doe beloofde se, sy soe dêr by dy widner bliuwe en goed op 'e bern passe. Nei jierren lei se in fjûr fan stiennen oan.
De bern seinen: "Hwat docht mem dêr?"
"Ik liz in fjûr oan fan stiennen," sei se, "en as dat klear is, gean ik fuort. En ik kom net wer, of dy stiennen matte earst forbrând wêze." Doe is se fuortgong en sy ha har noait wer sjoen.

Nachtmerjes komme ek by hynders. Sy flechtsje de moanjes.


Onderwerp

TM 3105 - De zevende dochter is een nachtmerrie of heeft bijzondere gaven    TM 3105 - De zevende dochter is een nachtmerrie of heeft bijzondere gaven   

Beschrijving

Een van zeven dochters is een nachtmerrie. Zij komt door het sleutelgat het huis binnen. Om ze te weren, moet men meel op het gezicht strooien of de pantoffels achterstevoren voor het bed zetten. Een weduwnaar ving eens een nachtmerrie. Zij kon niet wegkomen, omdat ze meel op zich had. Ze beloofde bij de weduwnaar te blijven en voor de kinderen te zorgen. Na een paar jaar legde ze eens een vuur van stenen aan. Ze zei tegen de kinderen dat ze pas terugkwam als de stenen verbrand waren.
Nachtmerries komen ook bij paarden. Dan vlechten ze de manen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 733, verhaal 4

Commentaar

6 augustus 1969
Bij zeven dochters zit een nachtmerrie &TM 3108 Nachtmerrie berijdt paard

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21