Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ074903

Een sage (mondeling), zaterdag 23 augustus 1969

Hoofdtekst

Der wienen in feint en in faem, dy tsjinnen togearre by in beppe. Dy beppe hie buorkerije. De faem makke altyd de feint oerstjûr. Mar as it safier wie, gong 't altyd oer. Dan gong it fanke hinne en sei: "Ik wyt in moai grapke." Hja boun de feint oan 'e hekke fêst. Dan helle se him it spul út 'e broek en dan klaeide se har neaken út en gong flak foar him stean. En dan wie de feint ûnstjûr, mar hy siet fêstboun oan 'e hekke en koe neat bigjinne.
Sokke grapkes helle se altyd mei him út, mar hja soarge der wol foar dat se altyd bûten skot bleau.
Op in joun siet de feint allinne by beppe. Hy sei tsjin har:
"Hwat haw ik hwat mei dy faem. Hja makket my altyd oerstjûr." En doe fortelde er har alles. Sa en sa.
Doe sei beppe: "As dat sa is, dan sil ik dêr ris hwat oan dwaen. Moarnjoun sil ik mei har prate. Dan krûpstû fansiden, sa datst alles hearre kinst."
Zo gezegd, zo gedaan.
Beppe sit de oare jouns by de faem en hy sit forburgen en lústert it gesprek ôf.
Beppe seit tsjin har: "Dû bist noch jong, mar wytst wol, dat der famkes binne mei skeve kutten?"
"Né", seit se.
Doe sei beppe: "Nou, mar dy binne der forskeidene, hear."
Doe sei de faem: "Leave help! Beppe makket my suver binaud. Stel je foar, dat ik ek ris in skeve kut ha soe?"
"Ja," sei beppe, "dat kin bêst sa wêze. Mar dan bin ik yn steat om him rjocht to meitsjen."
De feint harke alles ôf hwat der sein woarde.
"Sille wy dan ris even sjen," sei beppe, "hwant ik kin 't samar sjen."
"Ja," sei de faem, "mar hoe matte wy dat ha? Ik woe net graech dat se ús oer 't mad kamen."
Beppe sei: "Dan dogge wy dat yn 'e greate kast. Dêr kinne wy beide wol yn lizze. Dêr is 't donker yn, dêr sjocht net ien ús. Ik nim de bûslantearne wol mei."
Beppe sjen. En doe sei se: "Ja, hear, dû hast in skeve kut." Doe slûpte beppe stikum achterút út 'e kast wei, mar de feint slûpte der gau by har yn. En dy die 't wurk by har.
De faem wie yn 'e forbeelding dat it beppe wie. It foldie har sa skoan, dat sy sei: "Toe maar beppe, maak hem zo maar recht!"


Onderwerp

VDK 1460A* - Scheve vagina gerepareerd    VDK 1460A* - Scheve vagina gerepareerd   

Beschrijving

Een meisje had de gewoonte om de knecht van haar grootmoeder het hoofd op hol te brengen. Dan bond ze hem bijvoorbeeld vast, en bukte naakt voor hem. Op een keer vertelde de jongen dit allemaal aan haar grootmoeder. Die zei dat hij dan maar eens in de kast hun gesprek moest afluisteren. Ze zei tegen haar kleindochter dat er vrouwen waren met scheve vagina's. Zij was in staat om die vagina's weer recht te maken. Het meisje schrok hevig en vroeg haar dan eens naar haar geslacht te kijken. De grootmoeder nam haar mee naar de kast en bekeek daar haar vagina. Ze had inderdaad een scheve vagina volgens haar. Toen sloop ze stiekem weg, en ze liet de knecht zijn werk doen. Het meisje dacht dat haar grootmoeder bezig was haar vagina recht te maken en genoot ervan.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 749, verhaal 3

Commentaar

23 augustus 1969
Scheve vagina gerepareerd

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21