Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ076104

Een mop (mondeling), zaterdag 13 september 1969

Hoofdtekst

Der wienen in pear âlde lju, dy hienen in dochter. Dat wie in bysûnder moai fanke, mar sy wie blyn.
Omdat se blyn wie kom der noait in feint op har ôf.
Mar der wie ien jonge, dy tocht: ik freegje har ris in kear.
Dy jonge dy rekke dêr hinne.
It fanke hie fan tofoaren tsjin har mem sein: "As dy jonge hjir nou is, en wy krije kofje, dan mat mem in spjelde by syn iten dellizze. Dan sil ik tsjin mem sizze: - Mem mat dy spjelde by syn iten weikrije, hwant dat is gefaerlik. Dan tinkt dy jonge: - Nou, hja is net iens blyn -"
It gong krekt sa as hja it bitocht hie en de jonge wie echt yn 'e forbeelding dat se net iens sa botte blyn wie.
En hy woarde forliefd op har.
Mar op in gegeven momint doe menoevrearde dat fanke troch de keamer. Hja rint by de tafel lâns mar dan rekket se mei de hân tsjin 'e handoek oan en dan seit se: "Fuort kat, hwat dochstû hjir op 'e tafel." En dan slacht se de handoek der ôf. Der is alhiel gjin kat to sjen.
Dan kriget de feint it yn 'e gaten dat er forrifele woarde.
"Jimme spylje hjir monopoly," tinkt er, "hja is wol deeglik blyn."
De âldelju gongen op 't lêst op bêd en de jongelju bleauwen togearre oer. Der gebeurde fierder neat bûtenwenstichs.
It woarde al letter en letter en op 't lêst wie 't al yn 'e moarn. Doe soe de jonge dan mar nei hûs ta.
Hja hienen dêr in ûnder- en boppedoar.
De jonge giet der út en 't fanke lûkt de ûnderdoar allinne ticht en sa leunt se mei de earms oer de ûnderdoar hinne.
De jonge seit: "Nou goeije mar."
Hja seit: "Dû hast noch hwat forgetten. Ik mat dy ommers noch in tút jaen, dy hast noch net fan my krigen."
De jonge strûpt gau syn broek del en rint achterút.
By de doar bliuwt er stean. Syn bleat achtergedeelte komt der krekt boven. En dêr tutet hja him op.
Doe gong de jonge fuort.
De oare moarns, doe't mem wer by de pinken wie, sei dy:
"Dat wie wol in aerdige jonge, net?"
"Jawol", sei se.
"Hwat die dy jonge eins foar de kost?" frege de mem.
Hja sei: "Ik tink dat er klerk wie, hwant hy hie it inketpotsje en de penne op 'e hals hingjen. Mar ien ding stie my eins net oa. Hy stonk hwat út 'e azem."

Onderwerp

AT 1456 - The Blind Fiancée    AT 1456 - The Blind Fiancée   

ATU 1456 - The Blind Fiancée.    ATU 1456 - The Blind Fiancée.   

Beschrijving

Twee mensen hebben een hele mooie maar blinde dochter, die nooit wordt gevraagd. Ze spreekt af met haar moeder dat ze bij zijn eten spelden leggen waarop de dochter zegt dat dat gevaarlijk is. Dat gebeurt en de jongen denkt dat ze niet blind is en wordt verliefd op haar. Als ze echter door de kamer loopt en langs een handdoek komt, denkt ze dat het de kat is. Zo komt hij erachter dat ze blind is en hij voor de gek gehouden is. Bij het afscheid nemen vraagt ze om een kus en hij ontbloot zijn achterwerk. Ze geeft hem daarop een zoen. De volgende morgen zegt ze haar moeder dat het een klerk is, want hij had inktpotjes en pennen om de hals hangen, maar hij heeft wel een slechte adem en dat bevalt haar niet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 761, verhaal 4

Commentaar

13 september 1969
The Blind Fiancée

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21