Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ080505

Een sage (mondeling), donderdag 08 januari 1970

Hoofdtekst

Doe't Sjoerd Kooij fan Jistrum noch in feint wie, reizge er mei in kammeraet (èk fan Jistrum) nei Garyp nei de froulju ta. Sy hienen dêr elk in faem to wenjen, mar dy fan Sjoerd Kooij wenne hwat fierder.
Sjoerd Kooij wie froeger in los man. It koe him net folle skele hwat er sei en hwat er die.
Op in kear doe gongen se wer nei de faem. Sjoerd sei tsjin syn kammeraet: "As ik aenst by de faem weikom, helje ik dy wol oan."
Mar hy wie noch mar krekt by de faem wei, of dêr stapte de duvel njonken him. Hy wie deun njonken Sjoerd. Sjoerd joech him in traep, mar fuort dêrnei hied er him alwer njonken him en hy bleau by him. Sjoerd wie stjerrend-binaud. Doe't er by syn kammeraet kom, sei er: "Hwat bin ik bliid, dat ik hjir bin."
Hy wie dweiltrochwiet fan swit.
"Hwat is der eins oan?" frege syn kammeraet?
"Sjochst dat dan net?" hie Sjoerd frege. "Ik ha de duvel hjir njonken my."
Mar syn kammeraet hie neat sjoen.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Twee kameraden liepen eens samen op. Een van hen nam het nooit zo nauw met zijn woorden, hij was een spotter. Opeens was hij vreselijk bang. Hij zag de duivel naast hem lopen. Hij gaf de duivel een schop, maar hij liep meteen weer naast hem zijn. Zijn vriend zag niets.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 805, verhaal 5

Commentaar

8 januari 1970
Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).

Naam Overig in Tekst

Sjoerd Kooij    Sjoerd Kooij   

Naam Locatie in Tekst

Jistrum    Jistrum   

Eestrum    Eestrum   

Garyp    Garyp   

Garijp    Garijp   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21