Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111419

Een sage (mondeling), donderdag 20 juni 1974

Hoofdtekst

Bouke Brinkman wie al âld. Hy rekke bitsjoend.
Doe gong er nei Kûkherne ta, nei Wopke, de duvelbanner. It wie Minne Brecht, dy't him bitsjoend hie.
Bouke sei tsjin Wopke: "Ik mat in drank fan dy ha; ik bin bitsjoend."
Wopke sei: "Ik hoef dy gjin drank mei to jaen, hwant dy giet dochs stikken ûnderweis."
Mar Bouke sei: "Jow him my mar mei."
Doe rekke Bouke mei de drank op stap. Doe kom er by in hekke. Dêr siet de âld tsjoenster al, mei in skieppegrouwe skelk om 'e holle.
"Bist dêr, âlde tsjoenster? Sitstû dêr ûnder 'e skieppegrouwe doek, âlde Brecht? Mar ik sjoch dy wol," sei Bouke, "tink der om, en reitsje my net oan, hwant dan giest dea."
Hja rekke him net oan, mar doe't Bouke om 'e hekke hinne stapte, doe roan it drankje al út it fleske wei. Dat wie stikken rekke.
Bouke sei: "Dû âlde duvel, nou hast it dochs noch opret! Ik sil mei dy ôfweve!"
Doe krige er har beet en togearre rekken se yn 'e sleat. Dêr soed er har ôfseamje. Mar doe stie dêr ynienen in grouwe keardel op 'e wâl, dy't folle mear mânsk wie as Bouke. Doe waerd Bouke bang. Hwant hy hie wol yn 'e rekken dat dy keardel har helpe soe. Dat doe sette hy sokken.

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Een man raakt betoverd en bezoekt Wopke de duivelbanner. Wopke weigert de man in beginsel een drankje mee te geven omdat hij voorziet dat het flesje onderweg stuk zal gaan. De betoverde man is niet te vermurwen en eist een drankje. Als de man nog maar net onderweg is, stuit hij al op de heks die hem betoverd heeft. De man probeert met dreigende taal aan de heks te ontkomen, maar als hij verder loopt merkt hij dat het drankje uit de fles loopt. De man ontsteekt in zulke heftige woede dat hij de heks ruw beetpakt om haar een pak rammel te geven. De man wordt bang als er plotseling een grote kerel op de weg staat. Angstig zet hij het op een lopen.



Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1114, verhaal 19 (archief MI)

Commentaar

20 juni 1974
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Bouke Brinkman    Bouke Brinkman   

Wopke    Wopke   

Minne Brecht    Minne Brecht   

Bouke    Bouke   

Naam Locatie in Tekst

Kûkherne    Kûkherne   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21