Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ111701

Een sage (mondeling), woensdag 10 juli 1974

Hoofdtekst

Spesiale gefallen fan al dy dingen wit ik net sa sear. Ik kin bygelyks net sizze: dat hat dy en dy doe en doe dêr en dêr bileefd. Mar ik wit wol hoe't it yn 't algemien tagong yn myn jonge tiid.
Wy wennen yn Twizelerheide, oan 'e Swâdde. It wie och sa'n earme streek en doe allegear noch heide.
De minsken wienen allegearre earm.
Foar stammerige Harm wienen wy bang. As dy der oankaem en ik hie myn jong susterke by my, dan sleepte ik har hurd nei hûs ta. Ik koe har doe noch net tille, hwant ik wie in jier of seis. Mar ik wie deabinaud dat Harm har bitsjoene soe. Harm hie in lam hantsje. Hy bitsjoende net allinne de minsken, mar ek it fé. De lju woenen him net heal by de bargen ha. As wy Harm oankommen seagen, makken wy gau in krús yn 't paed mei de klomp en as it goed wêze soe, dan dienen wy sâlt en duveldrek yn dat krús. Dan koe hy der bislist net oerhinne komme.
Yn 'e trôch dêr't de bargen út dronken kaem èk duveldrek, ek yn 't waeifet fan 'e keallen, en ek yn 't wetterfet, dêr't de beesten (de kij) út dronken.
Boppe de doar (oan 'e binnenkant) kaem in pûdtsje mei duveldrek en sâlt to hingjen en ek by de drompel (oan 'e binnenkant) leinen se duveldrek en sâlt del. Dat wie allegear foar de tsjoensters.
Stammerige Harm bitsjoende ek de hynders. Dan sieten der de moarns allegearre flechtsjes yn 'e moanjes. Ik wit noch, dat der op in joun praters by ús wienen. Ik wie in jonge en lei ûnder 'e tafel. Se hienen it altyd oer tsjoenen en spûkjen en dan wie ik deabinaud. Mar ik lei altyd to harkjen. Doe hienen se it der de jouns oer of Stammerige Harm àl of nèt in tsjoenster wie.
Guon seinen fan àl, oaren fan nèt. Doe ha se dan de kaei-proef tapast. De bibel waerd op 'e tafel dellein. Doe sochten se de tekst op fan Jehannes 1 : In den beginne was het Woord en het Woord was bij God.
Doe krigen se in krúskekaei, dat is in kaei, dy't in krús yn 'e burd hat. Sokken wienen der froeger in soad. Doe leinen se dat krús op it wurd 'God'. Doe dienen se de bibel foarsichtich ticht mei de kaei der tusken (it krús bleau op it wurd 'God' lizzen, dêr soargen se foar). Doe bounen se tou om 'e bibel hinne, hiel stevich, sa, dat de kaei net forglide koe. Doe waerd de bibel opnaem en twa minsken droegen elk mei in wiisfinger (de boppekant fan 'e wiisfinger) it boppeste brede stik fan 'e kaei, dy't ta de bibel útstiek.
Sa stienen se dêr in skoft. Net ien dy't hwat sei. Op it lêst, nei forrin fan forskeidene minuten bigoun de bibel hwat to draeijen. Doe wie it biwiis levere dat Stammerige Harm in tsjoenster wie.


Beschrijving

De verteller is als kind doodsbang voor tovenaar Stammerige Harm met de lamme hand. Als Harm nadert, spoedt hij zich met zijn zusje weg omdat hij bang is dat Harm zijn zusje zal betoveren. Harm betovert naast mensen ook vee. Om Harm te weren worden er kruizen in het zand gekrast met zout en duivelsdrek erin. Ook in de voeder- en drinkbakken van de dieren, boven de deur en onder de drempel wordt duivelsdrek - en ook wel zout - gestopt om hekserij en toverij te weren. Harm betovert ook paarden door vlechtjes in de manen te maken. De familie van de verteller paste eens de sleutelproef toe om uit te maken of Harm een tovenaar was of niet. De familieleden leggen de bijbel open op tafel bij Johannes 1: In den beginne was het Woord en het Woord was bij God. Ze leggen vervolgens een kruissleutel op het woord 'God'. Als ze de bijbel dichtgedaan hebben met de sleutel ertussen, binden ze een touw om de bijbel heen. Daarna pakken ze de bijbel op en houden twee mensen met de bovenkant van de wijsvinger het bovenste brede stuk van de sleutel vast. Na een paar minuten begint de bijbel te draaien. Met behulp van de kruissleutel wordt Harm als tovenaar aangewezen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1117, verhaal 1 (archief MI)

Commentaar

10 juli 1974

Naam Overig in Tekst

Harm    Harm   

Stammerige Harm    Stammerige Harm   

Swâdde    Swâdde   

God    God   

Johannes    Johannes   

Bijbel    Bijbel   

Naam Locatie in Tekst

Twizelerheide    Twizelerheide   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21